Gerrit Breteler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 13:
== Foarstellings ==
=== Moortje ===
Breteler ferfryske en bewurke it toanielstik ''Moortje'', fan de toanielskriuwer [[Gerbrand Adriaensz. Bredero|G.A. Bredero]]. It yn it hjoeddeiske Fryslân spyljende blijspul waard yn [[2004]] opfierd yn [[Dokkum]].
=== Katarsis ===
Rigel 21:
=== Opus Exit ===
Yn 2008 skreaun er teksten by de muzyk fan [[Opus Exit]]. Mids juny 2008 waard dit rekwyem 'Oer de Seedyk' by [[Peazens-Moddergat]] opfierd en registreard troch [[Omrop Fryslân]]. It is in oade oan de fiskersramp yn by [[Peazens-Moddergat]] wêrby't yn 1883 83 fiskers ferdronken. Dit rekwyem giet oer de teloargong fan de âlde boere- en fiskerskultuer, mar ek oer eltseniens libben dat foarby giet. It ferlies oan identiteit is net allinnich in Fryske oangelegenheid, fynt Breteler. Mar it is neffens him oan Fryslân dúdlik te sjen dat ieuwenâlde tradysjes yn ien generaasje ferdwine. De teatrale foarstelling wie in kombinaasje fan in unike iepenloftlokaasje mei sicht op It Waad en de histoarje oanfold mei solisten Gerrit Breteler, Miranda van Kralingen en koorpartijen troch Vocaal Ensemble Cantatrix, orkestbegelieding troch Nij Filharmoanysk Orkest.
 
== Ferskaat ==
* Breteler makke ek LP-hoezen; ûnder oaren foar [[Irolt]].