Tonger (god): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: tr:Thor; tekstwiziging
Rigel 4:
Tonger wie de god dy't mei de natuerkreften te meitsjen hie. Syn namme jout sels al oan mei hokker krêften Tonger yn ferbining brocht waard. Hy stie bekend as de fruchtberheidsgod of de god dy't de natuer hieltyd wer fernijt. Foar de Friezen wie it ien fan de wichtigste goaden dêr't ús dei fan de wike, de ''Tongersdei'' (yn it [[Aldfrysk]]: ''Thunresdei'' of ''Thunersdei'') fan ôflaat is. By sawol de iere [[Friezen]] as de [[Saksen]] hiet Tonger, Thuner.
 
== De hammer fan Tonger ==
Yn de [[Edda]], dêr't de Noarske mytology yn beskreaun wurdt, komt Tonger nei foaren as de wichtichste ûnder alle goaden en jildt hy as beskermhear fan sawol goaden as minsken ([[Asgaard]] en [[Midgard]]). Op in wein lutsen troch twa [[bok]]ken, rydt hy troch de loft.
[[Ofbyld:Processed_SAM_thorr.jpg|thumb|150px|left|Tonger mei hammer, Yslânske foarstelling út de [[18e ieu]]]]
As ienige ûnder de goaden beskikt Tonger oer in machtich wapen, nammentlik syn hammer dy't nei alle wurpen by hem weromkomd. Dat wapen makket him gefaarliker foar syn fijannen. As Tonger syn hammer smyt ûntstiet der [[wjerljocht]]. Dwergen soenen dat machtige wapen foar him smeid hawwe.<br />
 
De hammer is it symboal om oarder te bringen. Tonger skept op syn wize oarder yn de wrâld fan de Friezen dy't eartiids noch hiel ticht ferbûn wienen mei de natuer. De hammer fan de [[rjochter]] of fan in foarsitter is dan ek in oerbliuwsel út de Germaanske kultuer en giet werom op de hammer fan Tonger.
[[Ofbyld:St. Boniface cuts down Thor's Oak by Charles Robinson.jpg|right|thumb|In stikje fan de ferneatiging fan ''Tongers iik'' troch [[Bonifatius]] fan ''The Little Lives of the Saints'' (1904), tekene troch Charles Robinson.]]
 
== Boarne ==
* [[D. Kalma]], ''Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 41.
 
[[kategoryKategory: Fryske mytology]]
 
[[kategory: Fryske mytology]]
 
[[als:Donar]]
Line 72 ⟶ 71:
[[sv:Tor]]
[[tl:Thor]]
[[tr:Thor (tanrı)]]
[[uk:Тор]]
[[vi:Thor (thần thoại)]]