Tachtichjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 7:
De direkte oanlieding wienen de ''[[byldenstoarm]]'' ([[1566]]) mei de dêrop folgjende ynstelling fan de ''Ried fan Beroerten of Bloedried'' ([[1567]]), de massale flecht [[kalvinisten]] nei û.o. [[Dútslân]] en de tanimmende sintralisaasje fan it [[Habsbrugers|Habsburgske]] bewâld, wêrby fral de besiking fan hartoch [[Alva]] om de ''[[Tsiende Penning]]'' ynfierd te krijen op hevich ferset stutte. Mei de stipe fan in protte útwikenne waard ûnder lieding fan prins [[Willem fan Oranje]] in leger ferwurven om it leger fan Alva te ferjagen. Yn de slach by Heiligerlee behelle de broer fan Willem, [[Loadewyk fan Nassau]] in oerwinning op de Spanjerts, mar koart dêrnei waar hy troch it Spaanske leger ûnder Alva ferslein.
 
De dêrop foljende set fan de opstannelingen wie it plan betinken om inkele steden te ferovenferoveren. Omdat plan te realiseare stelde Willem fan Oranje him yn ferbining mei de [[wettergeuzen]] en krige ek koartstannichkoart stipe by [[Karel IX]] fan Frankryk. Yn [[1572]] slagge dat plan folslein y. Troch de geuzen, Loadewyk fan Nassau en de prins sels waarden in grut tal steden oermastere yn Hollân, Seelân, Fryslân, Gelderlân, Oerisel, Henegouwen en Brabant. Lykwols koenen de opstannelingen koenen har allinnich hanthavenje yn Hollân en Seelân en kearde de oare gebieten nei koarten werom yn de Spaanske macht. Yn Hollân waard in bestjoer troch de opstannige steden foarme mei de prins as heechste oerheid.
 
Doe't yn [[1576]] de lânfâd [[Requesens]] -dy't yn 1573 Alva opfolgen hie en in evenredich bewâld fierde-, hommels ferstoar, kaam it yn de Súdlike Nederlannen ta earnstige ûntefredens. Neidat de Spaanske troepen oproer meitsje hienen rop de Steaten fan Brabant in gearkomste fan de [[Steaten-Generaal]] byinoar. Underhannelings mei de Hollân en Seelân liede ta de ''[[Pasifikaasje fan Gint]]'' wêrby't de frede yn de Nederlannen werstelt waard.
 
{{stobbe-skiednis}}