Tachtichjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
ôfbyldings en literatuerferwizing
Rigel 5:
 
== It begjin fan de oarloch ==
[[Ofbyld:BattleOfHeiligerlee.jpg|thumb|lright|200px|De slach by Heiligerlee, it begjin fan oarloch]]
De direkte oanlieding wienen de ''[[byldenstoarm]]'' ([[1566]]) mei de dêrop folgjende ynstelling fan de ''Ried fan Beroerten of Bloedried'' ([[1567]]), de massale flecht [[kalvinisten]] nei û.o. [[Dútslân]] en de tanimmende sintralisaasje fan it [[Habsbrugers|Habsburgske]] bewâld, wêrby fral de besiking fan hartoch [[Alva]] om de ''[[Tsiende Penning]]'' ynfierd te krijen op hevich ferset stutte. Mei de stipe fan in protte útwikenne waard ûnder lieding fan prins [[Willem fan Oranje]] in leger ferwurven om it leger fan Alva te ferjagen. Yn de [[slach by Heiligerlee]] op [[23 maaie]] [[1568]] behelle de broer fan Willem, [[Loadewyk fan Nassau]] in oerwinning op de Spanjerts, mar koart dêrnei waar hy troch it Spaanske leger ûnder Alva ferslein.
 
Line 13 ⟶ 14:
 
== De komst fan Parma ==
[[Ofbyld:Vaenius - Alexander Farnese.png|thumb|left|150px|De hartoch fan Parma]]
Gebrûk meitsjend fan de ûntefredens by de katoliken stelde de opfolger fan Don Juan, de [[hartoch fan Parma]], him yn ferbining mei de katolike striders en eallju yn de súdlike Nederlannen. Hy slagge deryn in bûnsmaatskip te sluten mei de Steaten fan Henegouwen en Artois, de [[Uny fan Atrecht]]. Oan de oare kant ferienige Willem fan Oranje him mei in oantal gewesten yn de [[Uny fan Utert]]. Yn de jierren tusken 1579 en 1589 wit de hartoch fan Parma grutte súksessen te beheljen. Hy werstelt it keninklik gesach en de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] yn alle gewesten te suden fan de grutte rivieren en yn grutte parten fan Oerisel, de Efterhoek, Drinte en Grinslân. De help dy't de opstannelingen fan de Frânske kening krige en fan [[Elizabeth fan Ingelân]] (dy't Leicester mei troepen stjoerde), smyt neat oars op dan nije ûnienigens. De Steaten-Generaal fan de opstannige gewesten gongen der net wer oer ta in frjemde as soeverein foarst te erkennen. Dermei wie de selsstannigens fan de ''[[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk fan de Feriene Nederlannen]]'' yn [[1588]] in feit wurden. Fan dat stuit is de opstân in oarloch tusken de Republyk en de Spaanske monargy.
 
== OerwinningsDe oerwinnings fan Maurits en Loadewyk ==
Yn [[1589]] oermastere Parma [[Geertruidenberch]] en it dêrop folgjende jier set it leger fan de Republyk - herfoarme en laat troch prins Maurits, stipe troch in krêftich bestjoer ûnder lieding fan [[Van Oldebarnevelt]] - útein mei de oanfal en yn in rige oerwinnings waarden tusken [[1590]] en [[1597]] steden en festigings ferovere op de Spanjerts yn Oerisel, Gelderlân, it noardwesten fan Brabant, Drinte, Grinslân en Sieusk-Flaanderen. Allinnich yn it easten behele [[Spinola]] wat súkses op de Republyk. Lang om let liede fredesûnderhannelings yn [[1609]] ta de saneamde ''[[Tolvejierrich bestân]]'' wêrby't de ûnôfhinklikens fan de Republyk troch Spanje erkend waard.
 
== Herfetsje fan de oarloch ==
Doe't de Republyk nei it bestân û.o. troch de dea fan Van Oldebarnevelt ynwindich ferswakke wie besocht Spanje op 'e nij Noardlike Nederlannen te betwingen. Yn gearwurking mei de katolike Dútske foarsten tred Spinoza krêftich en súksesfol op tsjin Maurits. Brabant waard troch him ferovere en it easten fan Gelderlân. Lykwols makke de opfolger fan Maurits, [[Freark Hindrik fan Oranje Nassau|Freark Hindrik]] in pear jier letter alle oermasteringen fan Spinola ûngedien. Nije fjildtochten fan him rûnen út op de besetting fan oare steden yn Limburch en Brabant. Yn dy tiid foel de Tachtichjierrige oarloch tagelyk mei de [[Tritichjierrige Oarloch]]. Keizerlike troepen kamen de Spanjerts yn de Nederlannen te help en Dútske protestanten krigen stipe fan de Nederlânske gewesten. Nei in skoft langste beide partijen nei frede, dy't nei trije jier fan ûnderhannelings yn [[1648]] ta stân brocht waard.
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Literatuer:'''
* {{aut|Groenveld, S.}}, ''De Tachtigjarige Oorlog : opstand en consolidatie in de Nederlanden (ca. 1560-1650)'', Zutphen : Walburg Pers, cop. 2008.
* {{aut|Deursen, A. Th.}}, ''De last van veel geluk. Geschiedenis van Nederland 1555-1702'', (2004).
* {{aut|Fruin, R.}}, ''Het voorspel van de 80-jarige oorlog'', (earste útjefte 1859)
* {{aut|Fruin, R.}}, ''Tien Jaren uit de 80-jarige oorlog'' 1588-1598, (earste útjefte 1857)
* {{aut|Graaf, R. de}}, ''Oorlog, mijn arme schapen. Een andere kijk op de Tachtigjarige Oorlog'' 1565-1648, (2004).
* {{aut|Israel, J.I.}}, ''De Republiek 1477-1806'', Franeker, (1996).
* {{aut|Presser, J. e.o.}} ''De Tachtigjarige oorlog'' (earste útjefte 1941).
}}
 
== Keppeling om utens ==
* [http://dutchrevolt.leidenuniv.nl ''De Tachtigjarige Oorlog''], [[Universiteit Leiden]]
 
[[Kategory:Tachtichjierrige oarloch]]