Ahnenerbe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: nl:Ahnenerbe
red.
Rigel 6:
Op de foargrûn stie yn't earstoan [[Argeology|argeologysk]], [[Antropology|antropologysk]] en [[Skiednis|histoarysk]] ûndersyk , fral oer [[Hendrik de Vogelaar]] (919-936) en de [[10e ieu]] dêr't hast gjin skreaune boarnen fan binne. Al gau brûkte Himmler, dy't in protte niget oan [[Okkutisme|okkulte]] ûnderwerpen hie, Ahnenerbe as ûndersyksapparaat foar eigen [[Pseudowittenskip|sabeare-wittenskiplike]] projekten. Sa waarden bygelyks ek ekspedysjes organisearre nei lannen oer de hiele wrâld, mei de bedoeling it bewiis te leverjen dat [[Prehistoarje|prehistoaryske]] en [[Mytology|mytologyske]] Noardske folken ea de wrâld bestjoerd hiene.
 
It ''Institut für Wehrwissenschaftliche Zweckforschung'' ('Ynstitút foar Militêrwittenskiplik Undersyk'), dat wiidweidige medyske proeven op minsken útfierde, kaam yn de [[Twadde Wrâldkriich]] enek ûnder Ahnenerbe te fallen. It waard laat fan Wolfram Sievers. Himmler hie Sievers hjitten om dizze organisaasje op te setten; hy waard direkteur fan twa divyzjes dy't laat waarden troch [[Sigmund Rascher]] en [[August Hirt]] en troch de Waffen-SS betelle waarden.
 
Yn Nederlân wie [[Stichting Saxo-Frisia]] in regionale ôfdieling fan de yn septimber 1940 oprjochte ''Volksche Werkgemeenschap'', dy't wer beheardehearde ta de organisaasje Ahnenerbe.
 
Dat Ahnenerbe wie de namme fan in oerkoepeljend orgaan ûnder waans paraplu tige útinoar rinnende organisaasjes, dy't hjir net allegear neamd binne, warber wienen.