Hûndertjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hif:Hundred Years War
wat útwreide,
Rigel 1:
[[Ofbyld:Siege orleans.jpg|right|thumb|250px|It belis fan Orlean]]
De '''Hûndertjierrige oarloch''' is in lange rige fan konflikten ôfwiksele mei koart oanhâldende wapenstilstannen tusken de keningen fan [[Ingelân]] en [[Frankryk]]. De beneaming hjirfoar komt út de [[19e ieu]] en de doerdjoer der fan wurdt meastentiids rekkene tusken [[1337]] oant [[1453]].
 
Nei it útstjerren fan de haadline fan it Frânske keningshûs [[Kapet]] (1328) makke de Ingelske kening [[Eduard III (fan Ingelân)|Eduard III]], dy't troch syn mem in pakesizzer fan kening [[Filips IV de Skjinne]], oanspraak op de Frânske troan. Yn [[1337]] fernije hy syn oanspraak op de Frânske troan út frees foar Frânske yntervinsje yn Flaanderen en Skotlân. De Frânske kening, [[Filips VI fan Valois]], út de sydline fan de Kapets, besette doe it hartochdom Guyenne, it einige oerbleaune besit fan de Ingelske kening op it fêstelân. Dat barren wie de direkte oanlieding foar de kriich. Eduard rop himsels ta kening fan Frankryk út yn [[1340]] (in titel dy't troch de Ingelske keningen oant 1801 brûkt wurde soe).
 
De Ingelsen behelle ynearsten in protte súksessen, mar it optreden fan [[Jeanne d'Arc]] yn [[1429]] betsjutte foarfêst in kearpunt yn de kriich. Mei de ferovering fan [[Bordeaux]] yn [[1453]] kaam de striid ta in ein. Allinnich de stêd [[Kales]] bleau oant [[1559]] yn Ingelske hannen.
 
 
{{stobbe-skiednis}}
 
[[Kategory:Skiednis]]
 
[[af:Honderdjarige Oorlog]]