Fjetnamoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
klear, wurk dien
Rigel 1:
[[Ofbyld:DakToVietnam1966.jpg|thumb|right|300px|''Amerikaanske soldaten yn aksje yn Fietnam'']]
{{Wurk}}
De '''Fietnamkriich''' of '''Fietnamoarloch''', wie in wapene konflikt yn it tiidrek fan de [[Kâlde Kriich]]. It konflikt foel foar yn [[Fietnam]], [[Laos]], en [[Kambodja]] fan [[26 septimber]] [[1959]] ôf oant [[30 april]] [[1975]]. De kriich waard útfochten troch it [[kommunisme|kommunistyske]] [[Noard-Fietnam]], stipe troch har kommunistyske bûnsmaten, en de regearing fan [[Súd-Fietnam]], stipe troch de [[Feriene Steaten]] en oare anty-kommunistyske naasjes. De Fietnamkriich wie de earste kriich dy't op de tillevyzje te sjen wie. It wie ek de earste kriich dêr't oer de hiele wrâld mânsk tsjin protestearre waard.
 
== Oanlieding ==
[[File:Gen-commons.jpg|thumb|left|''FredesbesprekkingsGeneefske yn Genevefredesbesprekkings'']]
It eardere [[Yndo-Sina]] (Fietnam, Laos en Kambodja) wie sûnt healwei de [[19e ieu]] ûnder [[Frankryk|Frânsk]] bestjoer oant de [[Twadde Wrâldkriich]] dêr in ein oan makke. Yndo-Sina waard troch de [[Japan|Japanners]] beset en yn dy tiid ûntstie in fersetsbeweging, de ''"Fietminh"'' neamd besteande út nasjonalistyske kloften dy't harren krêften bondelen. Dizze beweging dêr't [[Ho Tsji-Minh]] de grutte lieder fan wie, rjochte harren ynearsten tsjin de Japanners en letter ek tsjin de Frânsken doe't dy nei de Japanske kapitulaasje werom kearden (sjoch: de [[Frânsk-Fienameeske kriich]]). De [[Feriene Steaten]] waard yn dizze kriich belutsen doe't sy de Frânsken militêre stipe joegen. De akkoarden fan Geneve, in fredesferdrach makke yn july [[1954]] in ein oan dizze kriich. De koloniale hearskippij fan Frankryk oer Yndo-Sina einige, Laos en Kambodja waarden selsstannich en Fietnam ferparte yn twa tiidlike sônes (skiedsline de 17e breedtegraad). Ek wied er ôfpraat dat yn [[1956]] yn hiel Fietnam ferkiezings hâlden soenen wurde.
 
Al gau die bliken dat de Feriene Steaten gjin fertrouwen hienen yn it fermogen fan de regearings yn Kambodja, Laos en Súd-Fietnam om op eigen krêft it fierder opkringen fan de kommunisten tsjin te hâlden. Dêrom waard de [[SEATO]] oprjochte mei as doel de ûnôfhinklikens fan dizze lannen garandearre te kinnen. Wylst de Amerikanen oan Súd-Fietnam stipe taseinen, beloofde [[Sina]] it noarden help by it werstel fan de ynfrastruktuer. Yn oktober 1955 waard yn it suden in referindum hâlden dêr't de befolking har yn útspruts foar ferfangen fan it regear fan [[Bao Dai]] troch syn premier [[Ngo Dinh Diem]], dy't in diktatuer festige. De Noard-Fietnameeske regearing krong oan ta útfiering fan de yn de ''Geneefske akkoarden'' bepaalde ferkiezings sadat Fietnam wer ferienige wurde koe. Troch Ngo Dinh Diem waarden de Noardfietnameeske foarstellen lykwols hieltyd ôfwiisd ûnder it mom dat frije ferkiezings yn noarden ûnder de kommunisten net mooglik wie.
 
== Kriichsferrin ==
== It útbrekken fan de kriich ==
Fan [[1959]] ôf besiket Noard-Fietnam it rezjym yn Súd-Fietnam te fal te bringen troch it suden yn tanimmende mjitte te ynfiltrearen. It rezjym fan Diem ropt lykwols sels ek in protte ferset op by de befolking. Boeren fersette harren tsjin twongen ferhuzings nei fersterke doarpen, dêr't sy tsjin kommunistyske ynfiltraasje beskerme wêze soenen, mar ek better kontroleare wurde kinne. De ûnrêst yn Súd-Fietnam rint hieltyd fierder ta. Op [[20 desimber]] [[1960]] rjochtsje Súdfietnameeske gueriljastriders it Fietnameeske Nasjonale Befrijingsfront ([[Fietnameeske Nasjonale Befrijdingsfront|NLF]]) op, dy't meastentiids de ''Fietkong'' neamd wurde en dat troch de Noardfietnameeske kommunisten stipe waard. Troch de Amerikaanske presidint [[Eisenhouwer]] wurdt dêrom noch mear help stjoerd yn de foarm fan militêre en ekonomyske stipe. Dizze situaasje hie in oantal ynsidinten as gefolch, wêrûnder de foarfallen rûn de golf fan Tonkin, dy't úteinlik de direkte oanlieding foar de kriich wurde soe.
 
[[Ofbyld:Boeing B-52 dropping bombs.jpg|thumb|right|250px|''Amerikaanske B-52 bommenwerper dy't bommen smiet'']]
Nei in kommunistyske mortieroanfal op de Amerikaanske loftmachtbasis yn it Súdfietnameeske [[Pleikû]], joech presidint [[Johnson]] yn febrewaris [[1965]] it befel Noard-Fietnam te bombardearjen. Yn maaie arrivearren de earste grûntroepen yn Súd-Fietnam, dêr't it tal tsjin de ein fan it jier fan oanwaakse wie ta 180.000. It meastepart fan de soldaten die mei as frijwilliger, mar dat oandiel soe gau ferminderje doe't de kriich eskalearre. It optreden fan de Amerikaanske presidint wie wifeljend. Hy woe de kriich winne, mar sûnder neidielige politike gefolgen. De bombardeminten dêr't hy opdracht foar joech (sawol yn Noard- as Súd-Fietnam), kostje in protte slachtoffers ûnder de boargers. Fierder spile mei dat de Fietkong hieltyd hurder werom begûn te fjochtsjen neigeraden dat it tal bombardeminten tanomd. It die bliken dat in loftkriich allinnich net genôch wie. Tsjin in fijân dy't oeral oanwêzich is en himsels sûnder probleem fermomme koe as boarger is it dreech fjochtsje.
 
Line 16 ⟶ 17:
 
De resultaten wienen min en ein 1968 begûn it saneamde [[Tet-offinsyf]] fan de NLF en Noardfietnameeske troepen op de ferneamste stêden en bases yn Súd-Fietnam. De Amerikaanske ferliessifers rûnen op. It Tet-offinsyf soe it kearpunt yn de kriich wurde. Foar dat offinsyf foarfoel hienen de Amerikanen it idee dat in oerwinning op de Noardfietnamezen mooglik wie, dêrnei waard allinnich noch mar neitocht op hokker wize weromlûken sûnder gesichtsferlies mooglik wie. Het Tet Offinsyf makke in ein oan de eskalaasje fan de Fietnamkriich en foarme it begjin fan de besikings fan Amearika om har werom te loken út de kriich. Presidint Johnson ferkleare dat hy ree wie om fredesbesprekkings te hâlden mei de Fietkong en dat er him net wer ferkiesber stelle soe foar de presidintsferkiezings fan dat jier.
 
[[Ofbyld:Vietnam peace agreement signing.jpg|thumb|right|250px|Undertekening fan it fredesakkoard yn Parys]]
 
Yn juny 1969 makke de nije presidint [[Nixon]] bekend dat gau in begjin makke wurde soe mei it weromloeken fan de Amerikaanske troepen út Súd-Fietnam en mei 'fietnamisearing' fan de kriich (feitlik in weromkear ta de boargerkriich). Yn maart 1972 wienen der noch 60.000 man Amerikaanske grûntroepen oerbleaun dy't net mear oan de gefjochtshandelingen meidienen. Wol waarden de bombardeminten op Noard-Fietnam yn desimber 1971 ferfetsje en yn april 1972 útwreide. Yn opdracht fan Nixon fûn fan 18 oant 30 desimber mânske bombardeminten foar op de grutte Noardfietnameeske stêden.
 
Op [[23 jannewars]] [[1973]] waarden troch [[Kissinger]] en troch de Noardfietnameeske ôffurdige [[Le Duc Tho]] de saneamde ''Akkoarden fan Parys'' sletten dêr't offisjeel in ein kaam oan de Fietnamkriich. It weromloeken fan de lêste Amerikaanske troepen einige yn maart 1973.
 
== Neisleep ==
Yn Noard-Fietnam begûn de regearing-Pham Fan Dong, neidat de frede sletten wie, oan de weropbou fan it lân. De Súdfietnameeske presidint [[Thieu]], dy't him allinnich tanksij Amerikaanske finansjele stipe hanthavenje koe, negeare lykwols de ''Paryske akkoarden'' en wegere oer te gean ta frijlitte fan de politike finzenen en meiwurking te jaan by it tastân kommen fan frije ferkiezings, in nij parlemint en in koalysjeregearing. De striid tusken de regearing fan Thieu en de Fietkong gie dan ek troch. Yn de maaitiid fan 1975 twong in grutskipske oanfal troch de Fietkong, mei stipe fan Noard-Fietnam, Thieu ta it priisjaan fan it Sintrale Heechlân, itjinge dat late ta de ynstoarting fan de Súdfietnameeske definsje. Op 30 april naam de Fietkong de macht oer yn [[Saigon]] wêrmei in ein kaam oan de boargeroarloch.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.collegenet.nl/index_mainframe.php?mainframe=http%3A%2F%2Fwww.collegenet.nl%2Fstudiemateriaal%2Fverslagen.php%3Fverslag_id%3D5302 Amearika yn Fietnam]
* [http://geschiedenis.vpro.nl/dossiers/24214898/ dossier skiednis]
* [http://www.iisg.nl/edu/vietnamoorlog/posters.php propagandaposters út de Fietnamkriich]
 
[[Kategory:Kâlde Kriich]]
[[Kategory:Fietnam]]
 
[[an:Guerra de Bietnam]]