Skiednis fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurdkar
No edit summary
Rigel 3:
It artikel oer de '''skiednis fan Fryslân''' beskriuwt de skiedkundige ûntjouwing fan sawol de provinsje Fryslân as dat fan it 'gruttere Fryslân'. Yn dat ramt wurde alle Fryske gebieten beskreaun, dy't troch de taal, kultuer, histoarje of polityk ferbûn binne mei de Fryske skiednis.
 
De skiednis fan Fryslân rint lykop mei de [[skiednis fan de Friezen]]. De [[Friezen]] teagen sa likernôch yn de 4e ieu f. Kr. nei it kustgebiet oan de súdlike igge fan de [[Noardsee]]. [[Geakunde|Geakundich]] sjoen in bysûnder lânskip troch de ynfloed fan de see en it [[terp]]elân.

Om 700 hinne is Fryslân in [[heidendom|heidensk]] lân. Yn de 8e en 11e ieu wurdt [[Noard-Fryslân]] fan Friezen befolke, mar ûntjout himsels frij fan de oare Fryslannen. Yn de lette midsieuwen ferienigje de frije Fryske lannen ([[Fryske frijheid]]) har yn it [[Upstalbeam]]bûn. Troch ûntwikkelingen yn de 15e en 16e ieu falle de Fryske gebieten útinoar: [[West-Fryslân|Westfryslân]] en de provinsjes [[Fryslân]] en [[Grinslân]] komme yn [[Nederlân|Nederlânsk]] steatsferbân. [[East-Fryslân]] bliuwt oant [[1744]] in [[greefskip]] yn it [[Hillige Roomske Ryk]], dat as de foarrinder sjoen wurde kin fan [[Dútslân]], dat as nasjonale steat yn [[1871]] oprjochte waard. Noard-Fryslân dat hiel lang ûnder [[Denemark]] foel, komt yn de 19e ieu foarfêst by Dútslân.

De skiednis fan Fryslân as provinsje begjint yn de 16e ieu mei it [[Hearlikheid Fryslân]]. Yn de Frânske tiid heart East-Fryslân in jiermannich by de Frânske fasalsteat Nederlân. Nei de Frânske tiid wurdt it eardere Hearlikheid Fryslân yn it jier [[1814]] in provinsje fan Nederlân.
 
== Prehistoarje ==