Hokswier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
Yn de [[15e ieu]] wennen der Heringa's op de [[stins]], mar om 1500 wenne der in Aesge Aesges van Hokswier en nei him syn soan Aesge. Aege is troch syn houlik ek eigener fan it Sjaerdema-hûs yn [[Frjentsjer]]. Letter kaam it yn besit fan de famylje Galama út [[Koudum]]. Oer [[Gaele Galama]] ([[1559]]) is in soad bekend omdat er in deiboek skreaun hat.
 
Yn [[1528]] gie de stins nei [[Seerp Galama]]. Der wiene doe in hiem, hof en grêften en singels by it goed. De eigener hie boppedat it aadlike privileezje om de geastliken fan Mantgum te beneamen. Yn de striid tsjin Spanje flechte Seerp in skoft nei [[Emden]]. Syn broer Hartman fan Galama en syn sweager Sjoerd fan Beyma waarden beide yn [[Brussel]] terjochtsteld. Yn 1576 kaam Seerp werom op Hokswier en waard in jier letter [[grytman]] fan [[Barradiel]]. Hy is begroeven yn de tsjerke fan Mantgum.
Letter kaam de stins yn besit by de famyljes Van Boelens en Van Aylva en de lêste bewenner [[Jonkhear]] De Lannoy dy't de stins nei 1725 platsmite liet en de grêften tichtsmiet.