Gaasterlân (krite): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
skiednis derby
Rigel 1:
{{wurk}}
[[File:Windmotor Mirns 12c.JPG|thumb|275px|''Wynmotor Mirns oan de súdgrins fan Gaasterlân, it Iselmar'']]
'''Gaasterlân''' is in kontrei yn de [[Súdwesthoeke]] yn de provinsje [[Fryslân]] mei in oerflak fan sa'n 7570 ha. en in east-west lingte fan likernôch 13 kilometer. De [[gemeente|gemeenten]] [[Gaasterlân-Sleat]] en [[Nijefurd]] binne part fan Gaasterlân.
Line 12 ⟶ 11:
 
== Skiednis ==
It boppeneamde hunebed tsjûget fan de iere bewenning fan de kontrei. Ek binne der fynsten út de iere [[Midsieuwen]] bekend, wylst de doarpen Mirns, Harich en Wykel al yn de [[12e ieu|12e]] en [[13e ieu]] neamd wurde. deDe delsettingen ûntstienen oan de râne fan it hege gebiet. Alde- en Nijemardum krigen it karakter fan in es-doarp[[esdoarp]], Harich waard in streekdoarp[[lintdoarp]]. It sintrale hege sângebiet wie meast heide, de lege kriten wienen allinnich gaadlik foar jacht op wyld, fiskjen en as healân.
 
De konflikten tusken [[Skieringers en Fetkeapers]] binne net oan Gaasterlân foarby gien. De lizzing tusken [[Starum]] en [[Sleat (stêd)|Sleat]], yn de midsieuwen wichtige plakken, en de ferdieldens tusken de hearen fan it kontrei sels, brochten Gaasterlân plondering en brân, sa as yn Harich, Sondel en Wikel. Ek de 16e ieuske striid tusken de Geldersen en Saksen en de neisleep dêrfan spile hjir.
 
Yn de rêstiger tiid nei 1600 koe Balk, dat opkaam wie oan de [[De Luts]] by de oergong fan de wei Harich-Wikel, him ûntjaan ta haadplak fan de [[gritenij]].Yn de 17e- en 18e ieu gie de ûntginning oan de rânen fierder en it hegere midden waard starichoan mear beboske. Op de kaart fan [[Schotanusatlas|Schotanus]] (1664) binne noch mar in pear boskjes te sjen, û.o. by Balk en Wikel. Yn de [[19e ieu]] is it foaral de famylje [[Van Swinderen]], fan it Hûs Riis, dy't in soad dien hat foar dike- en boaiemferbettering (û.o. troch [[terpmodderje]]n) en dy't boskbou stimulearre.
 
Iikskille [[Fûgelflappe|snip- en klysterflappe]] wienen foar de arbeiders en lytse boeren in wichtige boarne fan byfertsjinst. Nei 1900 hat de 'Mij Gaasterlân' in protte bosk kappe, fral tusken [[Bakhuzen]] en Riis. Boulân en greide kamen dêr foar yn it plak en iik en fûgels waarden fan minder belang.
 
Oare wichtige saken wienen noch de ynkertiering fan [[Belgje|Belgyske]] flechtelingen [[Earste Wrâldkriich|yn 1914-1918]] en de fêstiging fan in [[V2-raket|V2-rakette]]basis yn 1944/45. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] krige de âlde namme Wyldemerk in nije klank doe't der in [[Ambonezekamp]] mei dy namme kaam op 1 km westlik fan [[Kippenburch]]. It isolemint naam nei de oarloch hurd ôf; Gaasterlân is net mear it 'aparte' gebiet fan eartiids.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Wikipedia nl:, ''Gaasterland''
{{EvF|Gaasterland}}
}}
 
[[Kategory:Gaasterlân-Sleat]]
[[Kategory:Geografy fan Fryslân]]
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]