Irminsul: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bar:Irminsul
tf
Rigel 1:
De '''Irminsul''' wie eartiids in wichtich [[hillichdom]] fan de [[Saksen]], in [[Germanen|Germaansk]] folk dat yn it noarden fan [[Dútslân]] wenne. Troch [[Karel de Grutte]] waard de Irminsul ferneatige yn syn kriich tsjin de Saksen.
 
It hillichdom wurdt neamd en summier omskreaun yn de ''Annales regni Francorum'', de ''Translatio St. Alexandri'' fan [[Rudolf fan Fulda]] en inyn de ''Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum'' (Boek I, haadstuk 8) fan [[Adam fan Bremen]]. Yn dizze boarnen wurdt de Irminsul omskreaun as in grutte, oprjochte houten stamme dy't neffens de Saksen de hiele wrâld stipe.
 
De Irminsul wurdt wol ferlike mei [[Yggdrasil]]-beam út [[Noarske mytology]]: de wrâldbeam dy't syn woartels yn de ûnderwrâld hat en mei syn tûken it dak fan de wrâld steunt. Neffens Rudolf fan Fulda en Adam fan Bremen moart Irminsul oerset wurde as “al-pylder” (Latyn: columna univeralis), omdat it 'alles steunt', mar it wurdt ek wol yn ferbân brocht mei (net oerlevere) Germaanske god Hirmin of Irmin.