Freark fan Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stavering: progamma -> programma; parochjetsjerke -> parochytsjerke
Rigel 16:
Yn de lêste jierren waard der oer Freark klage. Hy krige hieltyd mear wurk foar de oarder te dwaan. Guon fûnen dat er sa it kleaster sloere liet.
 
==Freark syn progammaprogramma==
Freark seach syn kleaster om de earmen te helpen. Sels libbe er hiel sober en dat hold er de bruorren ek foar. Freark lei in protte klam op it ûnderwiis. Dêr wie er as pastoar al mei begûn. Der kaam dan ek in kleasterskoalle. Fierders wie er foar ferbettering fan de lânbou. De measte kleasterlingen wienen ek fan boerekomôf, en it kleaster krige in protte lân.
 
Rigel 23:
Op 3 maart stiet op de feestkalinder fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] as feestdei oanjûn: de hillige Fredericus, abt. Al gau nei syn dea waarden der wûnderferhalen oer de hillige abt ferteld. Sa waard Mariëngaarde in beafeartsplak. Folle Fryske hilligen wienen der net en sa krige Fryslân dan doch noch in hillige. Freark syn grêf krige hieltyd in promininter plak yn de kleasterkapel. Op ‘en doer rûn de belangstelling werom.
 
Yn 1580 namen de Steaten Mariëngaarde oer. Fan it kleaster moat der doe noch hast allinne de kapel stien hawwe, want dy tsjinne ek as parochjetsjerkeparochytsjerke foar de omkriten. De kapel bleau in beafeartsplak fan deselden dy’t by it âlde leauwe bleaun wienen. Yn 1622 wurdt der noch sein dat leauwigen nei Hallum kamen ta ferearing fan Freark. Dat wie de dûmnys te folle en se hawwe it safier krige dat de kapel sletten waard. Op in tekening fan [[Piter Idserts Poorter]] om 1730 hinne stie noch in bewenne boufal fan it eardere kleaster.
 
De grêftombe wie doe al leech. Foaroansteande Roomsken hawwe kâns sjoen om de oerbliuwsels fan Freark ûnderdûke te litten. Letter binne se nei de Súdlike Nederlannen smokkele. De kiste kaam terjochte yn de premonstratinzer abdij [[Bonne-Espérance]] by [[Binche]] yn [[Henegouwen]]. Sûnt [[1830]] binne se yn it lytsseminaarje yn [[Doornik]].