Ferdinand Domela Nieuwenhuis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 6:
Nei syn stúdzje teology waard er dûmny, yn [[1870]] yn [[Harns]], yn [[1871]] yn [[Beverwyk]] en fan [[1875]] ôf yn [[De Haach]]. Yn dy tiid ferdjippe er him hieltyd mear yn de sosjale kwestjes en ferlear er stadichoan syn leauwen. Yn [[1879]] stoppe er mei syn wurk as dûmny.
 
Dat jier waard er lid fan de Haachske Sosjaal-demokratyske Feriening. Yn [[1882]] foarmen de Sosjaal-demokratyske Ferieningen it [[Sosjaal-demokratyskeDemokratysk Bûn]] (SDB), en keazen Domela Nieuwenhuis as skriuwer. Hy wie ek de redakteur fan ''Recht voor Allen'', it blêd fan it bûn. Faaks om't it bûn ûnder syn oanfiering oanwûn waard er yn [[1887]] ta seis moannen finzenisstraf feroardiele foar majesteitsskeinen, om't er in anargistysk artikel pleatst hie.
 
Yn [[1888]] wie er yn Amsterdam, [[Grins (stêd)|Grins]] en [[Skoatterlân]] kandidaat by de twaddekeamerferkiezings. Yn Skoatterlân waard er troch in suksesfolle listferbining fan de SDB en de ARP yn Skoatterlân keazen, en dêrtroch waard Domela Nieuwenhuis it earste sosjalistyske keamerlid. It bleau lykwols by ien kear, om't er bot teloarsteld wie yn de parlemintêre demokrasy. Hy waard anargistysker, en al folge it SDB earst, yn [[1894]] begûn in part fan de leden ûnder lieding fan [[Pieter Jelles Troelstra]] de [[Sosjaal-Demokratyske Arbeiderspartij]] (SDAP), dy't mear op herfoarming rjochte wie. Ek dat jier waard it bûn as anargistysk ferbean, mar de folgelingen fan Domela Nieuwenhuis begûnen de [[Sosjalistebûn]], dêr't er noch oant [[1898]] lid fan wie. Fan doe ôf wie er dwaande as publisist en aktivist foar it sosjaal-anargisme.