Gerrit Breteler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 23:
=== Opus Exit ===
Yn 2008 skriuwt er teksten by de muzyk fan [[Opus Exit]]. Mids juny 2008 waard dit rekwyem 'Oer de Seedyk' by [[Peazens-Moddergat]] opfierd en registreard troch [[Omrop Fryslân]]. It is in oade oan de fiskersramp yn by [[Peazens-Moddergat]] wêrby't yn 1883 83 fiskers ferdronken. Dit rekwyem giet oer de teloargong fan de âlde boere- en fiskerskultuer, mar ek oer eltseniens libben dat foarby giet. It ferlies oan identiteit is net allinnich in Fryske oangelegenheid, fynt Breteler. Mar it is neffens him oan Fryslân dúdlik te sjen dat ieuwenâlde tradysjes yn ien generaasje ferdwine. De teatrale foarstelling is in kombinaasje fan in unike iepenloftlokaasje mei sicht op It Waad en de histoarje oanfold mei solisten as hysels, Miranda van Kralingen en koarpartijen troch Vocaal Ensemble Cantatrix, orkestbegelieding troch Nij Filharmoanysk Orkest.
=== Kredo ===
Kredo is de offolger fan "Katarsis" en spilet him ôf yn de kroech oan de taap. Tema is de ferhâlding fan it hjoeddeiske plattelân mei de minsk. Hoe feroaret de ferhâlding mei de flugge feroarings en hoe beynfloedet it harren en harren taaal. Sintraal yn it stik stiet Pytsje, de fiskersfrou út Peazens dy't mei sykte en tsjinslach te krijen hat. It stik is op rym en sit fol koartswyl en tragyk. Alle rollen fan dizze teaterproduksje wurde spile troch twa akteurs.
 
== Ferskaat ==