Drait (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
oanfollinkje, Nije Drait
Rigel 1:
[[Ofbyld:Alde Drait.jpg|thumb|right|250px|''De Drait tusken wenwiken de Trisken en de Drait'']]
 
De '''Drait''' of '''Alddrait''' is in âld rivierke, súdeastlik fan Drachten. De oarsprong fan it yn de rin fan de jierren kanalisearre en bedike streamke leit by [[Koartehimmen]] yn it Koartehimsterfjild, en rint 4 km. troch nei de [[Iester Sanning]]. It lêste ein tusken de Postbrêge en de Iester Sanning, dy de jachthaven en [[Bûtenstfallaat]] del, hjit '''Nije Drait'''. It stiet yn iepen ferbining met de Fryske boezum.
 
Yn [[Prehistoarje|pre-histoaryske]] tiden wie de Drait in folle langer stream dêr't it grutte, ûnûnderbrutsen, heechfeangebiet (ûntstien op de [[Pleistoseen|pleistosene]] grûnen nei de op ien nei lêste [[iistiid]]) eastlik fan Drachten, oant rûchwei [[Trimunt]] yn Grinslân, op ôfwettere. De haadstream, mei syn sydtûken, rûn sa'n bytsje parallel oan it streamgebiet fan [[De Boarn]]. De Noarder Drait (mei as oerbliuwsel de [[Burmaniasleat]]) wie de meast noardlike sydtûke. <ref> Kaart. Boven-Boorngebied. Rapport betreffende het onderzoek van het Lânskip-genetysk Wurkforbân van de [[Fryske Akademy]]</ref>