Fidel Castro: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: war:Fidel Castro
red
Rigel 1:
[[File:Fidel Castro5 cropped.JPG|thumb|right|200px|''Fidel Castro'']]
'''Fidel Alejandro Castro Ruz''' ([[Birán]], [[13 augustus]] [[1926]]) is de eardere presidint fan de republyk [[Kuba]]. Hy wie ek de heechste militêre befelhawwer dêr't er syn titel ''El Comandante'' oan ûntlient. Ynearsten abbekaat liede hy mei súkses de [[guerilja]] tsjin it rezjym fan [[Fulgencio Batista|Batista]] (1956-1958). Neidat er de macht oernomd hie, fierde hy as earste yn [[Súd-Amearika]] in revolúsjonêre op [[marksisme|marksistyske]] least skoeide polityk en brocht in protte wêzentlike feroarings ta stân.
 
== Skiednis ==
Castro waard op 13 augustus 1926 berne as soan fan in rike plantaazjehâlder. Al ûnder syn stúdzje rjochten yn Havana (1945-1950) rekke hy belutsen by revolúsjonêre groepearrings dy't harren fersetten tsjin de troch de [[Feriene Steaten]] stipe generaal [[Fulgencio Batista]].
 
Yn 1953 organisearre Castro in wapene oerfal op in polysjekazerne dy't jammerlik mislearre en dêr't Castro by finzen nomd waard. Foar syn oandiel krige er 15 jier finzenisstraf. In [[amnesty]]regeling besoarge him lykwols nei twa jier de frijheid. Under syn dêropfolgjende ballingskiptiid yn [[Meksiko]] en de Feriene Steaten wurke hy mei oan de foarming fan in revolúsjonêre beweging (Revolúsjonêre Beweging fan de 26ste july) dy't de striid mei Batista oan gean moast. Op 2 desimber 1956 lanne Fidel Castro en 81 oaren, wêrûnder syn broer [[Raúl Castro]] en [[Che Guevara]] op de súdkust fan [[Kuba (eilân)|Kuba]]. Nei in twa jier duorjende striid waard Batista úteinlik ferdreaun op 1 jannewaris 1959.
 
Op [[16 febrewaris]] [[1959]] waard Castro premier fan Kuba. Syn ferhâlding mei de Feriene Steaten soe troch de prosessen dy't oanhingers fan Batista en alderhanne ûnteigeningen swier op de proef stelt wurde. In besiik fan Castro oan Washington smiet allinnich fan beide kanten animositeit op. Hjirtroch kearde hy him ta de [[Sowjet-Uny]] foar help en sleat in ferdrach û.o. oer de ymport fan [[Ierdoalje|oalje]]. Foar de Feriene Steaten is dat oanlieding om alle diplomatike bannen mei Kuba te ferbrekken. De help dy't Kuba fan Moskou kriget bliuwt net ta oalje beheind, mar omfiemet ek ekonomyske en militêre stipe. Kastro sels wurdt in oanhinger fan it marksistysk-leninistyske gedachteguod.
 
=== It bargebaai ynsidint ===
Mei stipe fan de CIA fieren Kubaanske ballingen op [[17 april]] [[1961]] in ynvaazje út op Bahía Cochinos ([[Bargebaai]]) mei as doel it bewâld fan Fidel Castro om te werpen. De ballingen liede lykwols in siere nederlaach en twa Amerikaanske marineskippen wurde dêrby ta sinken brocht. Castro, dy't by de gefjochten oanwêzich wie, seach hjirnei syn reputaasje as 'held fan de revolúsje’ ûnder de befolking met sprongen foarútgean.
 
Doe't de Feriene Steaten yn 1962 murken dat de Sowjet-Uny stikum in geheime raketbases op Kuba bouden, besleaten hja ta in blokkade rûnom it eilân. De spanning stige, mar Moskou rop lang om let harren mei raketten laden skippen werom. In kearnoarloch wie op it lêste stuit ôfkeard.