Alfred Salten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf's
tf's
Rigel 3:
Al op 5-jierrige leeftyd begûn er mei pianiolessen. Alfred studearre piano by Rudolf Winkler, harmony en komposysje by Conrad Ansorge en orkestdireksje by Hermann Scherchen. Yn [[1932]] waard hy Kapelmeister-élève by it Stadttheater Königsberg.
 
It nazi-bewâld makke yn [[1933]] in ein oan syn karriêre. Hy flechte nei Nederlân. Op 19-jierrige leeftyd krige er in oanstelling as twadde dirigint by de Fritz Hirsch-Operette yn [[De Haach]]. Boppedat late hy as gastdirigint diverse konserten foar de KRO. Oan dit wurk kaam in ein troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch. Nei 1945 hat Alfred Salten dirigint west fan it Scala Theater Orkest yn De Haach en wie hy dêrnei as dirigint en komponist ferbûn oan de Filmmaatskippij Strengholt. Dêrnei wie hy muzikaal lieder fan de Haadstêdoperette en de Italjaanske Opera. Sûnt [[1952]] wie er benammen dwaande mei it dirigearen fan symfonyorkesten. Neist gastdireksjes by ferskate Nederlânske en bûtenlânske orkesten wie hy fan 1955-1969 dirigint fan it eardere [[Frysk Orkest]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fierders wie hy dosnintdosint oan de konservatoriakonservatoaria yn [[Grins (stêd)|Grins]], [[Ynskedee]] en [[Swol]].
 
Wurk fan him is it Halbertsma-deklamatoarium fan [[Ype Poortinga]] (1958). Syn bekendste wurk, dat noch faak útfierd wurdt, is ''Musica per una festa'' foar orkest.