Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jacob Cornelisz van Amsterdam.jpg|thumb|Greve Edzard I om 1520/30 hinne.]]
'''Edzard I''', of '''Edzard de Grutte''' ([[1461]] - [[Emden]], [[14 febrewaris]] [[1528]]) wie greve fan [[East-Fryslân]] fan 1491 oant syn dea yn 1528. Doe't er yn 1492 ôffan in [[pylger]]stocht weromkaam, regearre er East-Fryslân mei syn mem Thede. Nei't de mem yn 1494 stoar, regearre er mei syn, minder belangrike en minder ynfloed hawwende, broer Uko. Edzard de Grutte besocht nei de ein fan de Fryske frijheid safolle mooglik Fryske lannen ûnder syn gesach te bringen. Yn de Kanon fan de Fryske Skiednis wurdt er ''Bouwer fan in Fryske steat'' neamd.
 
== Libbensrin ==
Hy stried mei [[Albrecht fan Saksen]] om Fryslân en Grinslân. De stêd [[Grins (stêd)|Grins]] naam him yn [[1506]] as hear oan, mar ruile him yn [[1514]] wer om foar [[Karel fan Gelre]].
Yn 1464 waard syn heit [[Ulrik Cirksena]] greve fan East-Fryslân, it gebiet tusken [[Wezer]] en [[Iems]]. Syn macht rikte lykwols net hielendal oan de Iems ta. It haaddoel fan Edzard wie om East-Fryslân oan de Wezer ta ûnder syn gesach te bringen. Dêrfoar oermastere hy Hero Omken fan it [[Harlingerlân]] en Edo Wiemken fan [[Jever|Jeverlân]]. Dêrneist hie Edzard ek de ambysje om yn westlike rjochting te ekspandearjen. Dêrby tocht er yn earste ynstânsje oan de [[Lauwers]] as westlike grins. De stêd [[Grins (stêd)|Grins]] naam him yn [[1506]] as hear oan. Hy wie foarstanner fan de [[Reformaasje]], herfoarme it muntwêzen en fierde de Primogenituer (erfopfolging foar it earste bern) yn it Hûs [[Cirksena]] yn.
 
Hy wie ek steedhâlder foar de [[Ommelannen]]. Formeel foar de Hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk gie er dêr syn eigen gong.
Nei't er yn 1492 weromkaam fan in [[pylger]]stocht nei [[Jeruzalim]] naam er, tegearre mei syn mem Thede it regear fan East-Fryslân op him. Nei't de mem yn 1494 stoarn wie regearre er tegearre mei syn broer Uko.
 
Hartoch Albrecht fan Saksen waard troch Keizer [[Maksimiliaan I]] yn 1514 beneamd ta steedhâlder fan alle Fryske lannen. Dat waard troch de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] wegere. Greve Edzard makke gebrûk fan dy situaasje en besocht syn bewâld út te wreidzjen nei de provinsje [[Grinslân]] en liet him beskermhear fan de stêd meitsje. 24 Dútske hartogen en greven koenen it der net mei lykfine en setten mei harren legers ôf nei de Fryslannen dêr't hja safolle mooglik besykje te sljochtsjen. Edzard waard troch de keizer as fûgelfrij (''Reichsacht'') ferklearre.
It skaaimerk fan Edzard I wie benammen it oermasterjen fan syn tsjinstanners, de East-Fryske lieders Hero Omken út it [[Harlingerlân]] en Edo Wiemken út [[Jever]] dy't ridlik gau belies joegen. Hy wie ek in stiper fan de [[reformaasje]] yn it gebiet dêr't er de macht hie. Hy herfoarme it muntwêzen en fierde de Primogenituer (erfopfolging foar it earste bern) yn it Hûs fan [[Cirksena]] yn.
 
Syn polityk om utens late ta trije jierren striid (1514-1517) tsjin hartoch Albrecht fan Saksen. Dy striid wie yn it foarste plak yn East-Fryslân te merkbiten en sljochte grutte gebieten, lykas de stêd [[Auwerk]] dy't folslein sljochte waard.
 
Hartoch Albrecht fan Saksen waard troch Keizer [[Maksimiliaan I]] yn 1514 beneamd ta steedhâlder fan alle Fryske lannen. Dat waard troch de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] wegere. Greve Edzard makke gebrûk fan dy situaasje en besocht syn bewâld út te wreidzjen nei de provinsje [[Grinslân]] en liet him beskermhear fan de stêd meitsje. 24 Dútske hartogen en greven koenen it der net mei lykfine en setten mei harren legers ôf nei de Fryslannen dêr't hja safolle mooglik besykje te sljochtsjen. Edzard waard troch de keizer as fûgelfrij (''Reichsacht'') ferklearre.
 
Nei dy striid fan trije jier hâldt Edzard it bewâld oer East-Fryslân. Earst as [[Karel V]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]] oan de macht komt yn Nederlân slagget it Edzard om East-Fryslân te krijen.