Esonstêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
lyts guod
Rigel 2:
'''Esonstêd''' soe in grutte hannelsstêd west hawwe mei in kastiel, Camminghaburch. Dy soe neffens de ferhalen op in hichte yn de [[Lauwerssee]] lein hawwe en ferdwûn wêze by it ûntstean fan de see nei de stoarmfloed fan [[1230]]. Bûten [[Andreas Cornelius]] syn ''Chronicke en waarachtige beschrijvinghe van Vrieslant'' komt Esonstêd nammentlik yn net ien iere boarne foar. Yn de 20e ieu is dêrom twifel kaam oan it bestean fan Esonstêd. Guon ferwiisden it sels nei it lân fan de fabeltsjes.
 
De yn Grins arbeidzjende [[Dútslân|Dútske]] [[argeolooch]] [[A. Bohmers]] hat in ûndersyk dien yn de âlde mûning fan it [[Dokkumer Grutdjip]]. Hy fûn yn it [[Waad]] spoaren fan bewenning oer in lingte fan in kilometer. Neffens dat ûndersyk moat it dêr bewenne west hawwe fan de 6e oant de 10e ieu. Oare ûndersikers hâlde it de spoaren dy't er fûn hat oerbleaun binne fan sâltwinputten. De spoaren binne net dúdlik genôch om dêrmei kieze te kinnen foar de iene of de oare teory.
 
Krekt eastlik fan [[De Skâns]] leit anno 2009 it fekânsjepark Esonstêd, eksploitearre troch de ynternasjonale ûndernimming Landel Green Parks. It plak is foar in part opset as wie it in âld Frysk fêstingstedsje. Ek binne der wenten op terpen. Der is in deistige fearferbining mei [[Skiermûntseach]].