Berber van der Geest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan Tresoar
Rigel 1:
[[Ofbyld:Berber van der Geest Tresoar 15.jpg|thumb|right|300px|<small>Berber van der Geest</small>]]
{{stobbe|literatuer}}
'''Berber van der Geest''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[19 febrewaris]] [[1938]]) is in dichteres, [[toaniel]]skriuwster en skriuwster fan ûnder oaren [[berneboek]]en.
 
Berber van der Geest komt út in keunstsinnige famylje. Hja gie nei de ULO, die doe kantoarwurk, hoewol't sy eigentlik nei de keunstakademy woe. Letter waard sy beukerjuf/ûnderwizeresse op in skoalle yn Ljouwert en helle hja aktes foar [[Frysk]] en tekenjen. Berber van der Geest is in alsidich talint, se dichtet, skriuwt koarte ferhalen en berneboeken. Mar se is ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skriuwt se lietteksten: ûnder oaren Roel Slofstra en Joop Veenstra hawwe lieten fan har op har repertoire. Foar har ienakter Frij krige se yn 1974 de provinsjale toanielpriis.
 
Ynspiraasje foar har berneboeken fûn Berber van der Geest foaral yn de klas, yn it kontakt mei de bern, foar har 'it moaiste stik minske dat der is'. Se kreëarret yn har boeken in wrâld dêr't plak is foar bern om bern te wêzen en dêr't romte is foar har fantasy. Har earste berneboek It âld kammenet ferskynde yn 1983, de yllustraasjes yn it boek fersoarge se sels. Har twadde berneboek ''De hânskrobbers'' waard yllustrearre troch in tal âld-learlingen fan har beukerskoalle. ''Bartele Bûse'' kaam út yn [[1988]] en ''De Kilekanen'', skreaun as aksjeboek foar de berneboekewike, yn 1994. Beide boeken binne yllustrearre troch Laura Lava.
Van der Geest hat ferskate prizen wûn, sa as de [[Rely Jorritsmapriis]] yn 1967, twarris de [[Provinsjale toanielpriis]] yn 1971 en 1975 en ek twa kear de [[Simke Kloostermanpriis]] yn 1989 en 1995.
 
Yn 2004 wurke Berber van der Geest mei oan it projekt ''Triedsjes nei it ferline'', dat opset waard troch CBD-Fryslân (Centrale Bibliotheek Dienst) en Histoarysk en Letterkundich sintrum Tresoar. Doel fan it projekt wie om bern yn oanrekking te bringen mei it ferline troch ferhalen dy't hearre by foarwerpen dy't bern sels oandroegen. Berber van der Geest en Akky van der Veer hawwe de ferhalen ferwurke yn in boekje mei de titel ''100 dingen en 1 pappegaai''.
 
Van der Geest hat ferskate prizen wûn, sa as de [[Rely Jorritsmapriis]] yn 1967, twarris de [[Provinsjale toanielpriis]] yn 1971 en 1975 en ek twa kear de [[Simke Kloostermanpriis]] yn 1989 en 1995. Yn 1993 waard se beleanne mei de earste priis fan de Berneboekesjuery, in priis dy't har takend waard troch Fryske skoalbern.
 
De groepen [[Irolt]] en de [[Doarmers]] en sjonger [[Joop Veenstra]] hawwe teksten fan har brûkt.
 
== Wurk ==
;Dichtwurk
(ûnfolslein)
* ''Der binne fan dy dingen (1975, 2e printinge yn 1980)
* ''30 kear de dea sj''en (1967)
* ''Dei en wei'' (1978)
*''En ik bin gien…'' (1982)
;Berneboeken
* ''It âld kammenet'' (1983)
* ''De hânskrobbers'' (1985)
* ''Bartele Bûse'' (19891988, 2e printinge yn 1990)
* ''Bartele Broekzak'' (oersetting fan de skriuwster, 1991)
* ''De Kilekanen'' (1995)1994, 2e printinge 1994)
* ''De Kilekanen'' (Hollânske oersetting, 1998)
* ''100 dingen en 1 pappegaai'' (2003)
 
;Ferskaat:
* ''Frjemd alderfrjemdst : acht mini-forhalen'' (1976)
* ''Deidreamerijkes'' (aforismen, 1982)
* ''30 kear de dea sjsjen''en (1967)
* ''Sjoch'' (toaniel, 1971)
* ''Frij, frij ,frij'' (toaniel, 1975)
* ''En ik bin gien.''.. (1982)
* ''Bartele Bûse'' (1989)
* ''De Kilekanen'' (1995)
* ''100 dingen en 1 papegaai'' - mei [[Akky van der Veer]]; (ISBN 90 5615 070 7)
* ''Mem, wat ite we hjoed'' - mei yllustraasjes fan [[Babs Wijnstra]]; wie it "Aksjeboek foar bern 2009" fan de [[Stichting Fryske Berneboek]].
 
;Prizen:
* [[1967]] - Rely Jorritsmapriis foar it fers ''30 kear de dea sjen''
* [[1989]] - [[Simke Kloostermanpriis]] foar ''Bartele Bûse''
* [[1989]] - Premio Europeo di Padua foar ''Bartele Bûse''
* [[1995]] - Simke Kloostermanpriis foar ''De Kilekanen''
Pleatst op de IBBY (The International Board on Books for Young People) : ''Bartele Bûse'' en ''De Kilekanen''
 
[[Kategory:Frysk dichter|Geest, Berber van der]]