Frysk Skipfeart Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Kolleksjes: oanfolling fan nl:
Rigel 6:
 
== Kolleksjes ==
Yn de ôfdieling [[Fryske Admiraliteit]] stiet in grut kanon, dat fan in Frysk oarlochsskip komt. Oant 1795 hie Fryslân in eigen ôfdieling fan de Admiraliteit (seemacht). Fryslân hie gjin keamer by de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]], mar tûzenen Friezen hawwe wol op VOC-skippen fard. De measte Fryske seefeart falt lykwols yn de kategory kustfeart. Mei [[kof]]skippen en [[smak]]skippen farden Fryske skippers nei de [[Skandinaavje|Skandinavyske]] lannen, nei de lannen oan de [[Eastsee]], nei Frankryk en [[Spanje]]. Reders en seehannelers makken mei de kustfeart yn de 17e eenen [[18e ieu]] grutte winsten. Yn de ôfdieling beurtfeart is omtinken foar de binnenfeart. It farwegennet fan Fryslân wie wiidfertakke. Mei in [[skûtsje]] wie it mooglik om yn hast alle Fryske doarpen mei it skip te kommen. Lânwegen wienen der folle minder. Beurtskippen en trekskûten ûnderholden de ferfierstsjinsten tusken de ferskillende stêden en doarpen yn Fryslân. De wat gruttere beurtmannen farden oer de [[Sudersee]]. Oan de hân fan skipsmodellen wurde dizze ferhalen ferteld. Yn de skûtsjeseal wurdt de skiednis fan de Fryske binnenfeart beljochte. Fryske skippers wennen en wurken mei harren húshâlding oan board fan harren skip. De rekonstruksje fan in roef toant dat se lyts behuze wiene. Skippen wienen faak ryk fersierd. Yn it museum is in grutte kolleksje skipssier te sjen: roerklikken, hakkeboerden, roerkoppen ensafuorthinne. Byûnder wie de ielhannel. Ut [[Heech]], [[De Gaastmar]] en [[Warkum]] wei waard op grutte skaal iel ekssportearre nei Londen. Mei ielaken waard de iel ferfierd. De Fryske wetterwegen wurde no benammen brûkt troch wettersporters. Dêrom is der yn it museum ek in grutte kolleksje syl- en motorjachten te sjen: [[boeier]]s, [[tsjotter]]s, BM-ers, reinbôgen, mar ek modernere klassen as de Flits. Yn de Iisseal is te sjen hoe't winterdeis de wetterwegen feroaren yn snelwegen foar reedriders. Folle hurder as mei in skip koene op redens grutte ôfstannen ôflein wurde. Ferskillende redens binne der te sjen, mar ek prizen fan ferneamde Fryske riders. De prizen fan de [[Alvestêdetocht]] binne dder bygelyks eksposearre.
Dat de skipfeart en rederij in soad jild opleverje koe is ôf te lêzen oan de stylkeamers. Yn de monumintale hearehuzen oan de gracht is in oantal stylkeamers ynrjochte. Opfallend is dat de rokoko lange tiid tige populêr wie yn de Fryske [[Súdwesthoeke]]. Dat is ek te sjen yn de Sulverseal. De produkten van de Snitser sulversmidten binne drok bewurke mei driuw- en gravearwurk. De Wetterpoarte is ít byldmerk fan Snits. De wetterpoarte is ôfbylde op talleaze skilderijen en ek op sûvenirs. In moaie kolleksje dêrfan is te sjen yn de Stylkeamers. Yn de Ypkolgeakeamer binne behingsels fan in pleats út [[Wâldsein]] te sjen. Op ien fan de skilderingen is in skipswerf yn bedriuw te sjen. Op de boppeste ferdjippings is de grutte kolleksje seemanssûvenirs te sjen. Fryske seelju kamen rûnom en namen foar it thúsfront sûvenirs mei: houten nappen út Riga, Argangelske kistkes, ierdewurk út Ingelân, mar ek eksoatyske sûvenirs, lykas in skipke dat fan krûdnagels makke is.
 
{{boarnen|boarnefernijing=