Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L st - meartal is huzen of hûzen, sjoch Zantema |
|||
Rigel 35:
Fan de Súdbrêge ûnder de ''Middelbrêge'' troch nei de ''Aaiebrêge'' rint de Stêdsgrêft tusken it ''Grutsân'' en it ''Grutsân'' troch troch de stêd nei it noarden. Dit part hjit yn de folksmûle ít ''Grutsân'', nei de beide kaden. Dit is nei alle gedachten in wetter dêr't Snits as hannelsstêd bylâns woeksen is.
By de Aaiebrêge, in oerklúsing dy't trije âldere brêgen ferfong dêr't de âlde ''Aaiebrêge'' der ien fan wie, giet ''de Wip'' nei it westen, en gong eartiids it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e ieu is dat lêste wetter lykwols oerkluze en it is no net langer tagonkelik. De ienichste fuortsetting is nei it easten, tusken de ''Sûpemerk'' en de ''Sûpemerk'' troch, wat yn 'e folksmûle ''Sûpemerk'' hjit, nei de beide kaden. Dan rint it wetter ûnder de ''Sylsterbrêge'' en de ''Byskestegebrêge'' troch tusken ''Lytssân'' en ''Lytssân'' troch en draait stadich nei it noardwesten, oant it troch de ''Lytssânsterpiip'' op de noardrin útkomt. Dit lêste part hjit yn 'e folksmûle nei de beide kaden it ''Lytssân''. Moochlik binne dizze parten fier yn it ferline groeven as tagong fan de
Troch de oerkluzings fan de Aaiebrêge en de Sylsterbrêge, en trochdat de kaden yn de rin fan de tiid útwreide binne wêrby it wetter smeller makke is, is de middelrin gjin gaadlik farwetter. As ''wetterstêd'' wurdt der troch Snits lykwols al nei sjoen hoe't dit ferbettere wurde kin.
|