De Fryske Boerepream: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
red |
|||
Rigel 16:
== Skiednis fan de pream ==
[[Ofbyld:Hynder en meanmasine yn de pream 001.jpg|300px|thumb|right|<small>''Hynder en meanmasine yn de pream''</small>]]
Eartiids hienen in soad boeren yn midden en súdwest Fryslân lân dat allinnich oer wetter te berikken wie. De measte boeren wienen “[[Komelker]]s”. Se hienen in stik of wat kij en in bytsje lân (of hierden dat) dat faak fersnippere lei en fier fan elkoar ôf lei. Ark, bisten, hea, dong en fee moasten ferfierd wurde. Hjirfoar waarden faak preammen brûkt. Dy lieten se faak bouwe op pleatslike hellingen, lykas Bijlsma yn [[Warten]] of Westerdijk yn Terherne of by de pleatslike smid. De opdrachtgever joech dêrby de maten oan, dy't ôfstimd wienen op it oantal kij dat sa'n boer hie. Yn it foarjier waard it fee mei de pream nei it lân ta brocht. Der waarden ek hynders meinomd yn de pream. Op de weromreis koe it hea en de molke der wer by. As de pream troch sleatten moast waard de jaachline brûkt, de farboom of de trilker. Moast men oer puollen en marren dan koe it seil brûkt wurde. Net allinnich boeren hienen in pream, ek skippers dy't mei dong, turf of terpierde farden. De hannel waard dan faak ferkocht
== Fryske Kampioenen ==
|