Van Starkenborghkanaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kat
L [[]]
Rigel 4:
It '''Van Starkenborghkanaal''' is in kanaal yn de provinsje [[Grinslân]] dat it [[Prinses Margrietkanaal]] mei it [[Iemskanaal]] ferbynt.
 
Yn de [[1930-1939|jierren tritich]] fan de [[20e ieu]] is it "grutte [[kanaal (wetterwei)|skipfeartkanaal]] fan 27 kilometer fan [[De Lemmer]] nei Grins" oanlein, it hjoeddeiske [[Prinses Margrietkanaal]] en it Van Starkenborghkanaal. It Van Starkenborghkanaal is fan Súdhorn oant de [[Oostersluis]] nij oanlein. It gedielte fan Fryske grins oant [[Súdhorn]] is it ferbrede [[HoendiepHoendjip]].
 
Yn novimber [[1938]] is it kanaal offisjeel yngebrûk steld troch [[Wilhelmina fan de Nederlannen|keninginne Wilhelmina]]. Ta gelegenheid hjirfan is in plakette oanbrocht op ien fan de brêgen by de Oostersluis. It kanaal is neamd nei de (âld) [[Kommissaris fan de Keninginne]] [[Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer]].
 
It Van Starkenborghkanaal is 27 [[kilometer|km]] lang en hat twa [[skutslûs|slûzen]]. Op de [[wetterskieding]] fan it [[Frysk Simmerpeil]] en it [[Electra (plak)|Elektrapeil]] leit de slûs fan [[Gaarkeuken]], ter hichte fan [[Grijpskerk]]. Op de grins fan it Elektrapeil en it [[peil]] fan it Iemskanaal (it WinschoterpeilWynskoaterpeil) leit de [[Oostersluis]] yn de stêd Grins.
 
Oan it Van Starkenborghkanaal lizzze: [[Strobos]], [[Gryptsjerk]], [[Súdhorn]], [[Noardhorn]], [[Aduard]] en [[Grins (stêd)|Grins]].
 
[[Kategory:Wetter yn Grinslân|Starkenborghkanaal]]