Friesland Post: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Styl: update
Wikix (oerlis | bydragen)
-kat
Rigel 1:
'''Friesland Post''' is in tiidskrift oer [[Fryslân]] en de [[Friezen]]. It is yn [[1974]] opsetten troch advertinsjeferkeaper [[Geart Kuperus]] fan [[Snits (stêd)|Snits]]. It moanneblêd wie de opfolger fan [[DIF]] ( Dit Is Friesland ) dat nei in achttal nûmers stoppe wie. Mei in tal eardere meiwurkers fan DIF en ûnder lieding fan skriuwer [[Pieter Terpstra]] sette Friesland Post út ein. Fan begjin ôf oan wiene ek [[Hannah Ludwig]], Harrie Ernst en Johan Witteveen fêste meiwurkers.
 
Begjjin tachtiger jierren ferkocht Geart Kuperus it blêd oan Agropers yn [[Drachten]]. Letter gie it oer nei de [[Friese Pers]] mei útjouwer Robert Wielenga en haadredacteur Sytze van der Wal en ferhuze de redaksje fan Drachten nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de njoggentiger jierren waard it blêd oerdien oan Migg fan útjouwer Ids Kuindersma en kaam Friesland Post werom yn Snits. Doe't Kuindersma ein [[2007]] krekt foar it 30-jierrich bestean fan FP stoppe, gie it blêd oer nei útjouwer Simon van der Let en haadredakteur Frans van Egmond. Yn 2009 waard Van der Let sels haadredakteur.
Rigel 14:
* {{EvhhF|Friesland Post}}
}}
 
[[Kategory:Frysk tydskrift]]
[[Kategory:Media]]
[[Kategory:Tydskrift]]