Andringahûs (Oentsjerk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L [[]]
Rigel 5:
Yn 1698 wie de state foar de helt eigendom fan de bruorren Schelto, Feije en George fan Heemstra, soannen fan Feye fan Heemstra en Tjets Scheltesdochter fan Aysma. De oare helte is dan fan Keimpe Luitsmaterp en syn frou Catharina Nieuland dy’t der ek wennen. Keimpe stoar yn [[1714]] en Catharina yn [[1745]], wol 97 jier âld!
 
Yn [[1778]] wurdt de eigener fan Heemstra State, Schelto fan Heemstra, ek neamd as eigener fan Andringahûs. Schelto wie in soan fan Willem Hendrik fan Heemstra en Wija Catharina van Glinstra út [[Feankleaster]] (Vogelsang[[Fogelsangh State]]). Hy sil sels net yn it hûs wenne hawwe en grif ek net folle op Heemstra State, want hy wie [[grytman]] fan Boalsert.
 
Yn 1858 is Lucia Catharina Sixma baronesse fan Heemstra eigenaresse fan it hûs. Hja wie in dochter fan Cornelis Schelte fan Heemstra en Anna Agatha Geertruida fan Sixma. Cornelis Schelte sil neist ûnder mear Heemstra State sûnder mis ek Andringahûs fan syn heit erve hawwe en it hûs ioanoan syn dochter neilitten hawwe. Lucia bewenne it hûs nei alle gedachten oant de ôfbraak yn [[1895]].
== Bewenners ==