Noardwestgermaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Woadan (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Aliter (oerlis | bydragen)
Noardwestgermaansk of Ingveonismen
Rigel 1:
It '''Noardwestgermaansk''' soe de taal wêze dêr't alle Noardwestgermaanske talen út fuortkaam wêze koenen.De taal hjit ek wol ''Ingveoansk'', ''Anglo-Frysk'', ''Ingelsk-Frysk'' of ''Noardseegermaansk''. At der wier sa'n taal west hat is lykwols net wis.
#REDIRECT [[Noardwestgermaanske talen]]
 
It Noardwestgermaansk soe ûntstien wêze út it [[Westgermaansk]]. De ferskillen dy't de Noardwestgermaanske talen ûnderskiede fan de [[Súdwestgermaanske talen]] lizze lykwols foar in grut part oan de [[Ingveonismen]].
 
Ien idee dêroer is dêrom dat dy Ingveonismen, mei de ferskillen fan hokfoar feroaring troch hokfoar stamme opnaam waard, de ûnderskate Noardwestgermaanske talen út it Westgermaansk ûntstien lieten. Dat, dan hat der nea in taal Noardwestgermaansk west.
 
In oar idee is lykwols, dat it Noardwestgermaansk him al foarme hie foar de Ingveonismen, en dat dy de taal dan opsplit hawwe yn de ûnderskate talen. Yn dat ferbân wurde de eilândialekten fan it [[Noardfrysk]] ferklearre as ôfkomstich fan Noardwestgermaansk sûnder Ingveonismen.
 
De tiid fan it Noardwestgermaansk moat lein hawwe tusken it ûntstean fan de [[Westgermaanske talen]], wat no datearre wurdt op de [[5e ieu]], en it begjin fan de oerlevering fan de Noardwestgermaanske talen, it [[Aldingelsk]] yn de [[8e ieu]].
 
[[Kategory:Talen]]