Woadan
A, hast dy krekt oanmeld, sjoch ik. Dan no ek as ynlogde meidogger wolkom op de Fryske Wikipedy! Groetnis WanabeFries 09.14, 22 des 2005 (UTC)
nog inkele opmerkings
bewurkje seksjeNoch in pear opmerkings,
- Jo kinne jo opmerkings op de ferskate oerlissiden undertekenje mei ~~~~. Dan komt der automatysk de datum/tiid en jo meidoggernamme te stean.
- By it oanmeitsjen/feroarjen fan siden kinne jo de Earst oerlêze knop brûke om te sjen hoe at it risseltaat wurd. (De wikisoftware slacht eltse bewarre fersje yn syn gehiel op, dus at jo tidens it oanmeitsjen 10 kear de side bewarje, nimt dat gau 10 kear safolle romte yn op de servers, en romte kostet jild fansesl ;) ).
- Ik wit net wer at jo de flaggen en wapens fan de lannen weihelle hawwe, mar jo kinne ek streekrjocht alle ôfbylden op wikimedia commons hjir brûke troch gewoan de namme fan it ofbyld op commons te brûken. It programma siket earst by de ôfbylden op fy:wikipedia, wurd it ofbyld net fun dan wurd der op commons socht.
Fierders binne jo al aardich op de hichte, dus ik soe sizze in protte nocht en wille.Theun 20.10, 23 des 2005 (UTC)
commons
bewurkje seksjeDe commons stiet apart fan de wikipedia projecten. It is eins in mienskiplik opslachplak foar ferskate typen triemen, ofbylden, lúden en video foar alle wikimedia projecten (dus ek wikinews, wikisource ensf.). Sjoch op commons. Hjir steane al aardich wat triemen op. Ik bin sels meast dwaande mei de fûgels en sjoch altiten op de commons at der noch wat aardiche plaatsjes op steane.
At jo triemen oplade moat der eins al by wat de boarne is en de ofbylden moatte frij fan rjochten wêze. Theun 21.17, 23 des 2005 (UTC)
Turks- en Kaikoseilannen
bewurkje seksjeIn bult wurk. Ik hoopje jo binne fan doel sa noch mear bydragen te dwaan. Wat kommentaar:
- Der is al in side oer Grut-Brittanje, dat sels at jo leaver de langere namme brûke wolle, kinne jo dêr in keppeling mei meitsje: [[Dit is de titel fan de side|Dit is hoe't ik de keppeling yn de tekst opnimme wol]].
- It begjin koe om my wat koarter; om't de ynhâld earst daalks foar de earste titel útskreaun wurdt, betsjut in lange yndieling ek minder oersjoch. Oarsom koe de geografy útwreide wurde mei aparte oantsjuttings fan de twa archipels. De kaart past dêr ek moai by.
- Hat de skiednis wier oantoand dat it lân net ûnôfhinklik wêze koe; oars kinne wy dat net skriuwe fansels. En sa is der ek noch in probleem mei it komôf fan de earste bewenners.
- Graach gjin skerpteken (’) dêr't in apostrof (') stean moat.
Normaal feroaret eltsenien daalks de tekst fan de side, útsein der is ferlet fan oerlis; ik haw it hjir no earst útskreaun om't jo fregen om kommentaar.
En fierders ek fan my: Wolkom by de Wikipedy. Foar ynformaasje oer de Wikipedy hawwe wy in Mienskipside. Mar at jo wat freegje wolle kinne jo dat ek op de Oerlisside dwaan. En fansels: Fiel jo frij Woadan en Germaanske mytology te skriuwen. Aliter 00.30, 25 des 2005 (UTC)
Reaksje 2
bewurkje seksje- Ik wit dat de offisjele titel fan Grut-Brittanje gjin ""Grut-Brittanje" is, mar dat soarte fan ferskillen binne der by de measte lannen, tink. It wie ek net praktysk te skriuwen oer "de Federale republyk Dútslân", of "de Frânske republyk"; dat binne al de oersettings fan de offisjele nammen, mar dy wurde ek allinnich yn offisjele kontekst brûkt. Mar mear noch, at wy op de side oer Lúksemboarch skriuwe soenen dat is begrinzge wurdt troch de Federale republyk Dútslân, de Frânske republyk en it Keninkryk Belgje, dan seit dat neat mear oer Lúksemboarch, dat it had gjin doel op dy side. Itselde jildt foar Grut-Brittanje. Dy lange nammen hawwe gjin doel op dy siden, dat dêr moatte se net brûkt wurde. Sy hawwe al in doel op de siden oer Dútslân, Frankyk, Belgje en Grut-Brittanje, en dêr binne se ek opnaam. Yn alle gefallen binne de offisjele nammen yn harren eigen taal dêr opnaam; at der gjin oersettings by binne dan leit dêr noch in moai putsje.
- Ik nim oan dat de ynlieding langer liket troch de tabel, mar dêr moatte wy al rekken mei hâlde: troch dy kombinaasje komt de ynhâldsopjefte leger, Wy hawwe mar twa sekonden, wit ús lêzer dan noch net wêr't de side oer giet, of hoe't er fierder moat, dan is er fuort, dat it moat oan it begjin al wat kompakt wêze. Ik haw de struktuer wat oanpast.
- Dat mei dy skerptekens, klamkes en apostofs, dêr moatte wy it op de Oerlis side ris oer hawwe, mar ik ha it no net oan tiid dat út te skriuwen.
- Ik haw Wikipedy:Ferwizings útskreun mei wat moares, rjochtlinenen en advys dêr't wy meast al in skofke mei wurkje. Ik hoopje jo hawwe dêr genôch oan foar wat de Kategoryen oanbelanget.
- Wat spesifyk foar de Kaikos ensfh.-side wie haw ik no dêr op de oerlisside oer skreaun. Aliter 02.56, 28 des 2005 (UTC)
Grut-Brittanje
bewurkje seksjeIk wie al dwaande mei hjir in fierdere útlis te jaan oer gongbere nammen as titels, mar doe betocht ik dat ynformaasje op de siden skreaun wurde moat. Dat, ik haw de side Wikipedy:It beneamen fan in side ris útwreide mei saken dêr't wy it earder alris oer hân hawwe. Ik hoopje dat dit de situaasje wat dúdlik makket.
Ik haw it neisjoen, en de formele namme stiet der op Grut-Brittanje yn it Frysk net by, dat fiel jo frij dêr wat oer te skriuwen. Aliter 20.07, 29 des 2005 (UTC)
Germaansk
bewurkje seksjeJo hawwe in nije side Germaanske talen oanmakke, de ynhâld fan Germaansk derhinne oerset en dernei fan Germaansk in Redirect makke. At jo miene dat in side in oare namme ha moat kinne jo de side werneame (sjoch it tabblêd werneam), yn dat gefal komt de ynhâld automatysk op de side mei de nije namme, mar wurd ek de side-skiednis meikopiearre sadat altiten noch te sjen is wa at earder oan de side wurke hawwe (en it oerlis wurd meikopiearre).
Yn it gefal fan dizze side liket my it werneamen net nedich en winsklik. Ik tink dat de side Germaansk in dúdliker namme fan de side is. Komt oerien mei de oare taal-siden. En ek wurd der fan ferskate siden nei de side Germaansk keppele en net nei de side Germaanske talen. Theun 13.46, 30 des 2005 (UTC)
De siden oer de talen haw ik my nea yn ferdjippe, mar jo hawwe witte der al aardich mear oer haw ik wol lêzen. It earste part fan myn opmerking jild noch wol tink ik, de siden dy't in oare namme ha moatte dy moatte gewoan werneamt wurde (foaral om de skiednis mei te nimmen, wa at oan de side wurde hawwe).Theun 20.58, 31 des 2005 (UTC)
- Ik haw de skiednis fan de side tegearrebroch ûnder Germaanske talen. Meitsje al noch in nije side Germaansk oan, al is it mar in stobbe. Mei de keppeling Wat is hjirmei kepple, kinne jo dan neigean hokfoar sie oanpast wurde moatte dat se mei Germaanske talen keppele wurde en hokfoar siden mei Germaansk keppele bliuwe kinne, of noch oars. Aliter 19.08, 1 jan 2006 (UTC)
- Om't de side der noch net wie en der op Germaanske talen in grut stik oer it Oergermaansk stie, haw ik de side ûnder dy titel oanmakke, en fan Germaansk in Synonym makke.
- Om't noch net neigongen wie hokfoar keppelings feroare wurde moasten ta Germaanske talen haw ik dat ek mar dien. Aliter 03.10, 10 jan 2006 (UTC)
Moai!
bewurkje seksjeGoeie Woadan, bist hjir echt hurd dwaande mei al dy nije artikels! En se binne noch allegeare goed ek! Allien in bytsje spesialisearre. Soe it faaks in goed idee wêze, ek ris oer ferskate folken te skriuwen, dy't yn dyn artikels linke wurde? Ik bedoel, as der in stik oer kannibalisme of widdoferbrâning is moat der ek in stik komme oer in paar ferneamde folken dy't dat dwaan of deagen. Sturker noch: ik leau dat der noch net iens in artikel oer Yndoneesje is, of oars in tige koart stik. Hoe dan ek, asto mar oangiest mei skriiuwen, dat is it wichtichste ;-). WanabeFries 11.09, 4 jan 2006 (UTC)
in pear opmerkingen
bewurkje seksjeGoeie Woadan,
Jo bin wol hiel drok dwaande, is in goeie saak mar jout ek gauer oanlieding ta wat oanmerkings oer jo tafoegings.
- Werom hawwe jo de ofbylden dy't jo 23 desimber oanbean hawwe op 'e nij deropset, ik sjoch einst gjin ferskil?
- By de ofbylden sit in triem Ofbyld:Flagge fan tynwald.gif dy't jo fan Flags of the world helle hawwe. Mei neffens my net op de wiki brûkt wurde. Op de side fan Flags of the world stiet dat se net foar kommersjele saken brûkt wurde mei. De eask da't alles op de wikipedia Frij wêze moat hâldt net yn dat der nearne jild foar frêge wurde kin, op de side fan GNU (frije software) wer't de GNU/FDL fan oflaat is stiet wol in aardiche útlis fan it frije part fan de GNU lisensje (as in free speech not in free beer).
- Jo hawwe yn de list fan religys in tal oanpassings fan Meidogger:Aliter wer tebekset. Ik tink dat Aliter yn elts gefal gelyk hat wat de trema's oanbelanget (wy hawwe mei inoar ôfsprutsen om de stavering fan it Frysk Wurdboek te folgjen). It wurdboek is dúdlik genoch, gjin trema's (ek op rituelen hearre gjin trema's). At in oar saken feroaret wêr't jo it net mei iens binne is it baas om mei oerlis ta in akseptabele tekst te kommen ynstee fan it wer werom te feroarjen.
Fierders fyn ik it geweldich dat jo sa'n soad siden mei aardich wat ynhâld makke hawwe. Ik sit sels altiten lang te stinnen foar ik in lyts stikje oerset of skreaun haw. Theun 19.06, 4 jan 2006 (UTC)
Foar de dúdlikens haw ik jo antwurd en de reaksje dêrop fan Aliter fan myn side hjirhinne kopiearre (mar net it hiele stik fan Flags of the World)
1. Oer dy ôfbyldings. Dêr haw ik, nei oanlieding fan in opmerking dy't ik lêsten dêroer krige (en neffens my wie dat fan jo), ynformaasje tafoege oer de boarnen dêr't ik se weihelle haw. Ien, de lânkaart by Germaanske talen, haw ik feroare (en wol mei de ôfkoartings fan 'e talen no ûnderoan op 'e kaart ynstee fan yn it ûnderskrift by de thumbnail, dêr't net ien der wat oan hie.
2. Oer de flagge dy't ik fan FOTW helle haw. Ik haw de copyrightregels fan Flag of the World der nochris op neilêzen en fyn dêr neat yn dat my behinderje soe en set sa'n flagge op de wikipedy. Sjoch sels mar (ik haw de stikken dy't hjir fan tapassing binne, fet makke:
....sjoch Meidogger oerlis:Theun#Antwurd op jo opmerkings
- you use the material for non-commercial and non-political purposes only
....
Ik snap net alhiel wat jo dermei bedoele te sizzen dat hoewol't alles op Wikipedy frij wêze moat, dat net ynhâldt dat der nearne jild foar frege wurde kin. FOTW stelt dúdlik dat syn ôfbyldings net foar kommersjele doeleinen brûkt wurde meie; net dat der op in webside dêr't se op brûkt wurde foar oare dingen gjin jild frege wurde mei. (Sjoch boppesteande by it fyfde opsommingsteken: You use the material for non-commercial and non-political purposes only - "dat jo it materiaal (de ôfbyldings dus) allinne mar foar net-kommersjele en net-politike doeleinen brûke"). De wize dêr't dizze ôfbyldings op Wikipedy brûkt wurde, is neffens my poer ynformatyf.
3. Oer dy tebeksettings yn de list fan religys. Ja, dat hie ik tebekset foar't ik it yn it wurdboek opsocht hie. Myn ferûntskuldigings. Neffens it wurdboek hie Aliter gelyk. Lykwols, kin ik der mei myn ferstân net by hoe't dat mooglik is, want by in wurd as ateisme bestiet der dus dúdlik in net tinkbyldige mooglikheid ta ferkearde útspraak; neffens my heart de útspraak by dy skriuwwize deselde te wêzen as "atijsme". Itselde jildt neffens my foar rituelen, want de ue is in besteande twaklank yn it Frysk. Mar goed. (Wat ik dan trouwens wer net begryp, is wêrom't Aliter dan beslist in trema op de o yn Geörgje hawwe wol, dêr't gjin inkelde kâns op in ferkearde útspraak bestiet).
4. Tank foar it komplimint oer it skriuwen fan in soad siden yn koarte tiid. Ik bin bang dat ik wat dat oangiet in bytsje falsk spile haw, want ik haw allinne de siden oer de Turks- en Kaikoseilannen en Man en de List fan religys no skreaun. Aliter merkte - nei oanlieding fan myn oannommen namme hjirre (Woadan) - op dat it my frij stie om in side oer Woadan (Germaanske god, better bekend ûnder syn Noardgermaansk namme Odin) en/of Germaanske mytology te skriuwen. In pear jier lyn (doe't ik wurkleas wie en dus in protte tiid om hannen hie) hie ik ris in stik skreaun oer natoerreligys. Ik ynteressearre my foar godstsjinsten en ik ergere my der eins oan dat yn in hiel soad boeken oer de wrâldgodstsjinsten natoerreligys eins net oan bod kamen. Troch Aliter syn opmerking kaam my dat wer yn it sin. Dat stik lei noch altyd yn myn boekekast (en stie noch op myn kompjûter), hast net ien hie it ea lêzen en ik tocht, wêrom set ik dat ik net op 'e wikipedia, dan hat miskien nochris ien der wat oan. No is it sa't ik it makke haw wol in trochrinnend stik, dat ik moast it noch wol wat oanpasse, mar dat gie frij flot. Dat, sadwaande. No is ûnderwilens de fakânsje wer ôfrûn, dat myn bydragen sille no wol wat sporadysker wurde, bin 'k bang. Woadan 21.42, 4 jan 2006 (UTC)
- 2 Us doel is dat eltsenien brûke kin wat op de Wikipedy stiet. Dat sizze wy ek "De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde." De betingsten slúte kommersjeel gebrûk net út, mar se litte ek net ta dat der útsûnderings makke wurde. Wy kinne dêrom net sizze "Kommersjelen meie alles frij brûke útsein wat fan FotW is." Sadwaande kinne wy ôfbylden net oernimme fan FotW. Foarbyld: Der binne ferskate projekten foar it ferkeapjen fan Wikipedia op papier of CD.
- 3 Ik leau net dat Aliter skreaun hat dat Aliter beslist in dielteken op de o fan Geörgje hawwe wol. Mar Aliter hat al skreaun dat it meastepart fan dy nammen fan de list fan it Taalburo komt, mei de stavering fan dy list. Aliter 06.27, 5 jan 2006 (UTC)
- 1. Ja dat wie in opmerking fan my. Mar om ynformaasje oer in ôfbyld derby te setten hoege jo de ofbyld net op 'e nij oan te bieden. Jo kinne op de side fan it ofbyld Ofbyld:Lânkaart fan skotlân.png, ek de byhearrende tekst wizigje op deselde manier at jo in side wizigje (it is ek gewoan in side mei beskriuwing oer it ofbyld)
- 2. De ynhâld mei op de wikipedy gjin beheinings hawwe foar kommersjeel gebrûk. En dat stiet der op FOTW dus dúdlik by dat dat net tastien is. (Frij is wat oars as om 'e nocht). It wichtigste fan de GNU-FDL is neffens my dat it altiten oernaam wurde mei, foar elts gebrûk, werby de eask is dat wat oernaam is ek wer frij beskikber wêze moat.
- 3. Ik bin net sa'n ekspert op in mêd fan de stavering, dus bin ik altiten bliid dat ik it wurdboek by de hân haw.
- 4. Dat ferklearret de saken. Mar jo side oer de Turks- en Kaikoseilannen en Man fûn ik ek goed lêsbere siden en aardich kompleet. Ik soe sizze, foaral sa trochgean. Theun 09.52, 7 jan 2006 (UTC)
Ik sjoch jo hawwe in berjocht oan de side fan Man taheakke. Soksoarte berjochten binne we hjir eins net sa gek op (oan't no ta). Der binne in pear sokke berjochten dy't taheakke binne troch meidoggers dy't hjir in koart skoftsje aktyf wêst binne en dy't wy noch net fuorthelle hawwe.
Ik tink dat it better is om under oan dizze siden dan in Kategory:Britske ôfhinklike gebieten ta te heakjen. Dit is spesjaal foar soksoarte saken bedoeld.
Dit soarte berjochten liket wol aardich mar it is wol sa dat je al gau meardere soksoarte listen betinke kinne wer't de side ynpast. At dat dan aardich lange listen binne krije je underoan in side sa'n soart ferwizings nei oare siden dat it oersicht kwytrekke wurdt. Op oare wiki's hawwe se soksoarte listen no ek al oanpast sadat se út en ynklappe kinne (om it oersicht te bewarjen). Mar eins sil it derwol op útkomme dat dit soarte berjochten better fuortkinne, tink ik. En de programmeurs hawwe ynmiddels de funksje fan de Kategory taheakke dy't it doel wêr't dit soarte berjochten foar makke wurdt automatysk fersoarchet. Theun 10.08, 7 jan 2006 (UTC)
- It is net sa dat sokke berjochten fuorthelle wurde moat om't ik it siz. Mei underling oerlis komme wy der oan't no ta altiten wol út (stimprosedueres hawwe we hjir lokkich noch net nêdich hawn). Ik fûn it earst ek wol aardich mar Aliter hat my ompraat. At jo ek wat langer omsjogge wêr't it somtiden op útdraait.
- nl:Brilvogels - te lange list, tink ik. Mar ja at je ien kear by alle famyljes yn in skift dit berjocht sette en je wolle konsekwint wêze moat je dit by de zangvogels ek dwaan mei in lange list as gefolch.
- de:Vereinigte_Staaten - 6 fan sokke listen (wol ynklapbaar), en neffens my kinne se der noch wol in pear betinke. Ek falt op at je wat rûnsjogge dat der wol gau in ien op ien oerienkomst is fan sokke berjochten en de Kategoryen.
- Ik haw op nl ek ris in berjocht sjoen foar siden oer Silvio Berlusconi, der wy doe in berjocht fan makke mei de siden wer't Berslusconi op foarkaam. Kin ik no net mear fine dus sil wol fuorthelle wêze (wy doe in underwerp foar oerlis yn de kroeg). Der kinne (en sille) dus soksoarte berjochten oanmakke wurde dy nergens op lykje.
- Om koart te wêzen, sokke listen binne hjir net ferbean. Ik woe eins allinich mar efkens op wat oare aspekten wize fan dizze berjochten. It sjocht der faaks wol aardich út, foaral dy berjochten mei lytse flagjes ensf. Mar ik hawwe it idee dat se op de oare wiki's ek noch net rjocht witte wêr't it op útdraaie sil, der wurde faaks wer dingen feroare (lykas dat ynklapbaar meitsjen). Theun 10.53, 8 jan 2006 (UTC)
Keningen fan Skotlân
bewurkje seksjeJo fregen at ik my ris oppenearje koe oer de nammen fan de Skotske Keningen. Earst oer de nammen dy't jo joegen:
- Konstantyn en Willem - iens.
- Margaret(h) - Ik wit net hoe't dy namme doedestiden sein waard, mar de hjoeddeiske namme Margareth soe net ta Margareta wurde, om't it twadde wurdlid hast gjin klank hat. Faaks Margeet/Margryt, of allinnich Greet/Gryt.
- Karel - iens.
- James - Jabik? (Donough MacCarty)
- Mary - Dit is eins Maaike, tink. Dat liket nuver, om't "Marie" al "Marije" is, mar de klam leit hjir oars. Mar ach: Romeo en Julia II, ii, 1-2.
- Gregory - Yn talen dêr't se de G sizze kinne is dit gauris "Gregor". En dat jildt ek foar it Skots; tink oan de klan McGregor. Mar hjir haw ik ûnder noch wat mear oer skreaun.
- Aleksander - It Fryske alfabet is no ien kear koarter as it moderne Latynske alfabet, dat dy namme wurdt yn it Frysk oars stavere, bygelyks: Aleksander de Grutte.
Fierders:
- Kenneth - Haw ik ek wolris mei i stavere sjoen. Ik sjoch ik haw sels Kenneth III skreaun, mar Kennet II (Macbeth fan Skotlân).
- Robert . Robbert? Ro mei klam past net goed yn it Frysk, en it is ek net wat yn it Ingelsk sein wurdt.
- Tink der al ris oer nei dat fral fan de âlde nammen de ferzjes dy't wy no lêze anglifikaasjes binne. Ik leau Gregory hiet Gerik of soks, Geark, en sa is it ek foar guon oare nammen.
- Dat "List fan" kin der by wei, tink. Dat hawwe wy der meast net by, útsein it is in side apart fan de gewoane side : Fûgels / List fan fûgels. At it der net stiet, dan kin de side nochris útwreide wurde mei mear ynformaasje. Bygelyks, hjir koe der noch wat by oer it ûntstean fan it kenigskip fan Alba. En ik nim oand dat der niet ien nei in aparte list Keninginnen fan Skotlân sykje sil at dat der yn de titel net by stiet, wylst oarsom der no faaks minsken tinke dat man en wiif opnaam binne.
- It docht bliken, it is baas en skriuw daalks "fan Skotlân" yn de keppelings. Wêr't dat net dien wurdt jout it letter in soad betizing. Bygelyks, Macbeth en Macbeth fan Skotlân.
Ik leau, dêr hawwe jo eat om jo tinzen ris oer gean te litten. Fierders, tank foar de moaie wurden. Dat ik wat doel haw oer de stavering is ek by my foar in part troch it wurdboek dat altyd foar de greep leit. Ik wrakselje oars ek mei de stavering, fral dêr't de Fryske stavering net op himsels stiet, mar ôflaat wurdt fan de Nederlânske. Hawar, wy hawwe sein dat wy yn dy taal in Wikipedy skriuwe wolle, dat dan moatte wy besykje en hâldt de autoriteit oan. Aliter 03.27, 8 jan 2006 (UTC)
Ja, ik hie sjoen dat jo in reaksje skreaun hienen.
- Ik hie it by Margaret(h) net oer klam hân; it hannele der allinnich om dat yn it Ingelsk "Margret(h)" sein wurdt. Dan liket de oergong nei Margareta wat nuver.
- Jakobiten is in foardiel, mar doch it net allinnich dêrom. De hjoeddeiske Britten hawwe ek gjin probleem mei James - Jacobites.
- Maaike is in al in ferlytsing, tink, mar wurdt brûkt foar Maaike Muoi. At jo leaver de klam ferskowe nei it twadde wurdlid, dan is Marije my bêst. (Ik leau net sa yn al dy Romeinske en Bibelske nammen foar keningen.)
- Aleksander liket sa nuver om't it eins Aleskander wêze moat, mar ... sjoch ek Oerlis:Man.
- Dy werkenberens, dat binne wy sels. Ferjit net dat de Wikipedy mei twa siden oer Skotske keningen ien fan de grutste Fryske publikaasjes ea oer dit mêd is. It kin goed wêze dat as wy sizze dat it Kinnet wêze moat en Greark/Grirke, dat wy dêrmei fêstlizze hoe't dy nammen oerset wurde nei it Frysk ta. (It is net om neat dat der Kinnet stavere wurdt; dy namme wie wier Cináed.) En docht letter bliken dat der yn dit gefal al in bettere Fryske namme is, dan is dit in wiki, dat dan kinne wy it dêr oan oanpasse.
- Dy homonimenside dy moat no krekt net tusken dizze side en de side oer Jan fan Skotlân komme. Hy soe der al komme moatte, mar om't keningsnammen in soad yn it foar keppele wurde, bygelyks yn de jiersiden, is it net sa dat wy de earste kening op allinnich de namme delsette kinne, en dan ôfwachtsje kinne oant immen dêr in oare kening delsette wol. Dêrom kin by keningen better daalks al it lân tafoege wurde. (Dit hawwe oare wikipedys earder al útfûn.) Mar it stiet jo fansels fry om no ek dy útelkoarhâldsiden al oan te meitsjen.
Aliter 01.27, 12 jan 2006 (UTC)
Frysk /e talen
bewurkje seksje- Tinke jo der noch om, no't jo in side Fryske talen makke hawwe apart fan Frysk, om nei te gean wat fan de iene nei de oare side oerbrocht wurde moat?
- Wat is Sealterfrysk, at it neffens jo gjin dialekt fan it Eastfrysk is? Aliter 09.06, 8 jan 2006 (UTC)
Ik wachtsje it fierders ôf, allinnich: at it Sealterfrysk in dialekt fan it Eastfrysk is, en dêr binne wy it oer iens, dan is it Eastfrysk net in deade taal. Aliter 10.36, 8 jan 2006 (UTC)
- Dat is nochris wat oars... tige tank foar dyn útwreidingswurk Woadan! WanabeFries 15.52, 8 jan 2006 (UTC)
Opsommings
bewurkje seksjeSa't jo nei ik oannim al sjoen hawwe haw ik by ferskate siden op it oerlis oanjûn dat de struktuer my net mear taliket as ien grutte opsomming. It kin goed wêze dat dat hjir en dêr wat batsk stiet; ik wie dwaande mei it oanpassen fan alle Regigyen, dat ik seach wat folle fan dy konstrusjes. Ik haw noch net sjoen wat jo dêr oan feroare hawwe, mar yn alle gefallen fyn ik hieltiid noch wer nije foarbylden. Lykas: wat is de struktuer fan Animisme? Aliter 05.33, 10 jan 2006 (UTC)
Yo skriuwe dat jo in útlis skriuwe en dêr dan in foarbyld by jaan, en op in manear is dat ek sa. Mar nimme wy it earste kopke fan Animisme, dan jouwe wy no earst in omskriuwing fan de ûnderskate soarten fan geasten, en dan komme der tsien foarbylden, dêr't dy soarten hast net mear by neamd wurde. Ik wit wol dat de fariaasje yn natuerreligys tige grut is, mar at wy krekt dat oanjaan wolle, dan moat de struktuer dat dúdlik meitsje. Fergelikings, oerienkomsten, tsjinstellings, al wat mar oanjout wêrom der nei it earste foarbyld noch mear komme. Soenen jo bygelyks by steat wêze en jou foar elts fan de foarbylden oan wêrom at it yn de tekst opnaam is? Aliter 23.43, 11 jan 2006 (UTC)
flaggen en oare opmerkings
bewurkje seksje- Wat de flaggen fan FOTW oanbelanget. Dat de flaggen fan FOTW te kopiearren binne is dúdlik genôch. It giet derom dat de ensyklopedy (at je de wikipedy sa neame kinne) dy't wy hjir probearre op te bouen frij wêze moat fan beheinings, om derfoar te soargjen dat de ynformaasje frij bliuwt. Dus ofbylden dy't beheinings hawwe foar kommersjeel gebrûk meie wy net op de wikipedy brûke. Dit is oan de iene kant tige spitich want der binne skitterende ofbylden by 't soad te finen op it internet, dy't ik net oan de fûgel siden taheakje kin. Op de commons steane der ek wol wat mar it is behelpen.
- Wat de ôfbyldsiden oanbelanget, ik sil it wol ferkeard sjoen hawwe. At jo in selsmakke ofbyld hawwe en jo wolle dat oanbiede under de GNU/FDL dan kinne jo dat dwaan troch by de opmerkings {{Eigenwurk|~~~~}} ta te heakjen. It risseltaat fan dizze tafoeging kinne jo bygelyks sjen op Ofbyld:DokkumerNijeSilen.jpg.
Theun 20.06, 11 jan 2006 (UTC)
- Ik bedoelde ek it summary fak. (Hjir stean noch in pear teksten dy't wy noch oersette moatte ;), merk ik wol) At jo by it oanbieden der {{Eigenwurk|~~~~}} delsette komt der in GNU/FDL lisensje berjocht by't ofbyld mei jo namme derby as makker.Theun 19.04, jan 12, 2006 (UTC)
Ik haw jo side oer de skiednis fan it Amelân trochnaam. In algemiene opmerking is dat it better is om net eltse kear fan underwerpen dy't in eigen side hawwe in trochferwizing op te nimmen (bygelyks it Amelân). Oars komt sa'n side hielendal fol te stean mei blauwe en reade keppelings. Ien kear is faaks genôch. By lange siden kinne jo deselde keppeling miskien in pear kear faker brûke. Dit is fansels ek in saak fan smaak mar it is wol baas de side oersichtelik en lêsber te hâlden.Theun 20.48, 11 jan 2006 (UTC)
Ynterwiki's
bewurkje seksjeGoeie Woadan, soest by dyn artikels altiten êrst ris nei ekwifalenten op oare Wikipediën sykje en dan de ynterwiki's tafoegje kinne? Dat soe wol sa handich wêze. Foar dy dialekt-artikels giet dat noch wol,. want dy haw ik op nl: tafallich faak sels skreaun, mar do kinst wol begrype dat dat net hieltiid sa maklik gean sil. Fierder bin ik der fansels noch hieltied tige bliid mei datst hjir sa in soad wurk dochst. O ja, noch wat oars: yn dat taal-berjocht stiet altiten de Ingelske namme fan in taal. Ha we by in ensysklopedy yn in gebiet wêr Nederlânsk de wichtichste kultuurtaal is dy't troch alle sprutsers floeiend praat wurdt net mear oan de Nederlânske namme? Groetnis WanabeFries 09.51, jan 16, 2006 (UTC)
- Reaksje stiet op myn eigen oerlisside. WanabeFries 15.37, jan 16, 2006 (UTC)
Ofbylden
bewurkje seksjeIt giet mei it kommentaar fan it oanbieden noch net hielendal goed. Ik hie der lêsten ek al in opmerking oer makke, mar dy hie ik op myn eigen oerlis side setten under jo antwurd.
Ik sil it foar de ofbylden dy't jo hjoed oanbean hawwe noch wol efkens oanpasse, lykas ik by de ofbylden dien haw dy't jo ferline wike opladen hawwe.
Jo moatte it <nowiki> </nowiki> der net bysette. Dizze tags kin brúkt wurde om derfoar te soargjen dat it wiki programma de tekst dy't hjirbinnen stiet net feroaret. Oars soe {{Eigenwurk|~~~~}} fuortendalik (at ik it bewarje) omset wurde nei in GNU/FDL berjocht op dizze oerlisside mei ynstee fan de golfkes myn namme deryn, en dat is net de bedoeling ;).Theun 19.14, jan 26, 2006 (UTC)
Fierder freegje ik my ôf hoe bekind at jo binne mei alle mooglikheden fan it wiki-programma. Jo hawwe al in bulte siden oanmakke (en mei in soad tekst), dus it sil geregeld barre dat der yn jo tekst saken oanpast wurde en der fragen oer stelt wurde op de byhearrende oerlis-siden. Ik nim oan dat jo witte dat by Koartlyn feroare alle lêste wizigingen te sjen binne. Om't it hjir noch net sa ferskriklike drok is, is it noch krekt te dwaan om hjir in oersjoch te hâlden wat der feroare wurdt en wêr om oerlis frêge wurdt. Fierder kinne jo ek dizze siden op jo folglist sette, (mei Folgje dizze side) sadat dit makliker yn de gate hâlde kinne.
Bygelyks hat Aliter al in stik of wat siden neisjoen en hjir en dêr wat fragen byset op de oerlis siden, sjoch bygelyks Berjocht oerlis:Taaltabel (dy tabel kin om my ek wol wat dúdliker/lytser). It is better dizze opmerkings by de siden te hâlden dan by meidoggers (lykas jo) op de oerlis side want dan bliuwt it oerlis by de side wêr't it oer giet en kinne oare meidoggers (of wysels) it letter ek makliker weromfine. Theun 19.14, jan 26, 2006 (UTC)
- Ja dat is wol wat in handikap, sa'n ynbelferbining. Mar goed dat wy dat witte, kinne wy der wat rekken mei hâlde.Theun 20.16, jan 26, 2006 (UTC)
Westfrysk
bewurkje seksjeIk haw ek al faker ûnienigens had mei dy Dolfy. Hy wol mar net tajaan dat er it op it gebied fan syn streektaal ferkeard hat. WanabeFries 17.56, jan 28, 2006 (UTC)
Kollumerland
bewurkje seksjeHallo,
Ik ben niet Friestalig, maar ik had even een vraag.
Hoe zeg je: Kollumerland en Nieuwkruisland in het Fries? Deze Friese naam wil ik dan graag toevoegen aan de Nedersaksische pagina van de gemeente. 81.205.234.85 11.23, apr 13, 2006 (UTC)
Ofbylden
bewurkje seksjeMoin. Ik kann kien Frysk praate, so maak ik dat up Platt. Ik hebb sehn, dat du mennig Kaarten för Spraken maakt hest, besünners för frysk un nedersaksisk Talen. De en off anner kunn ik ok good in de dütske un de-nedersaksiske Wikipedia bruken. Wo was dat, wenn du de Ofbylden in de Wikimedia-Commons hoogladen deest. So könen wi in de anner-talige Projekten de ok bruken. Un villicht hest du daar ja ok noch "blank" Versionen van, so dat wie anner Schrift daar up maken könen. Wees bedankt. Termo
- Dag Wodan, ek kall ook kèn Frysk ón 'k ho-oep, datse mine Platt versjtoon ko-oenst. 'k haev ène duutsje Wikipedia din plaetje uwer dat Greunings uweraarbèt kièk'ns doa ón ek denk bij mek, dat dat Formaat ".gif", wat doe g'broeken dónst, feur zoo wat nit reit is. G'broeke lèver dat Formaat ".PNG" od'r ".png", dat maakt dae Coloren nit zoo - op duutsj zeggt man dotou - "verwässert" oetkièke. Deut is no-oer 'n Veursjlag van mek, aewer better is dat waal. Lève Groetjes oet dem Rienisj-Wesfaaling'r grensgebid van mek, d'm Mikkel
Woadan út de Aldheid
bewurkje seksjeDei Woadan, dochs wer ris in reaksje op de Fryske Wikipedy. Yn it ferline wienen jo in skoftlang warber op dizze wikipedy, em jo hawwe sadwaande meiwurke oan de fûneminten derfan. No hienen jo doe al yn'e gaten dat soks ferslaavjend wurkje kin, dat ik tink dat jo dêrom ek in tiid skoft hâlden hawwe. No wie der niiskrektsa in fraach oer it Nedersaksysk (http://fy.wikipedia.org/wiki/Oerlis:Nedersaksysk ) en jo bydrages gienen destiids ek gauris oer talen. Soenen jo der nocht oan hawwe om hjir ris nei te sjen? Faaks kin it in oanset wurde om wer wat faker op de Wikipedy te kommen, de saak is aardich útwreide sûnt jo skriuwtiid. Ik soe it prachtich fine om der wer minsken by te krijen fan it earste oere. Groetnis, --Swarte Kees 13 nov 2009, 16.05 (CET)