Stefan Vermaes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat., ferw.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Rigel 1:
[[Ofbyld:Stefanus Johannes Vermaes (1839-1902).jpg|thumb|''Stefan Vermaes'']]
 
'''Stefanus Johannes Vermaes''', ( [[Hellevoetsluis]], [[2 maaie]] [[1839]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[10 desimber]] [[1902]] ), wie in yngenieur. Hy wie fan ienfâldige komôf en gie nei de legere skoalle yn syn berteplak, nei de ULO yn [[Kortenhoef]], en waard yn 1856 ynskreaun as studint oan de Keninklike Akademy yn Delft. Hjir slagge er yn 1860 foar boargerlik yngenieur. Op 2 desimber 1860 kaam er as opsichter 5e klasse yn tsjinst by de oanlis fan it steatsspoar en waard pleatst yn Ljouwert. Op 1 jannewaris 1862 waard hy adjunkt-yngenieur, op 1 july 1864 seksje-yngenieur. Hy boaske 16 july 1863 W.J. van Nerum, by wa't er trije soannen hie.
 
Hy wurke fan 1 april 1864 by de oanlis fan it spoar Harns-Ljouwert en waard doe yn [[Bûtenpost]] pleatst foar de oanlis fan it spoar Ljouwert-Grinslân, en 1 augustus 1866 yn Grins foar it spoar Grins - Nieuwe Schans. Mei 1 maart 1867 waard hy oerpleatst nei [[Ynskedee]] foar de oanlis fan it spoar Ynskedee - Glanerbeek, mei 1 july 1868 nei Dordrecht en einlik 15 septimber dêrop folgjens nei Willemsdorp, beide mei it each op de oanlis fan de spoarbrêge oer it Hollandsch Diep. Troch syn bemiddeling waard ien fan syn bruorren opnomd yn de oannimmersfirma, dy't de ûnderbou fan de brêge oanlei. Mei grutte enerzjy waard oan de bou fan de brêge wurke, sadat se 1 jannewaris 1872 foar de tsjinst iepene waard. Mei yngong fan 1 july 1872 waard Vermaes as seksje-yngenieur foar wei en wurken by de Maatskippij ta eksploitaasje fan Steatsspoarwegen pleatst.