Otto fan Lippe, biskop fan Utert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Otto van Lippe (bisschop van Utrecht); tekstwiziging
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:Otto ii van lippe.jpg|thumb|300px|Otto II fan Lippe ferflokt Rudolf fan Coevorden.]]
'''Otto fan Lippe''' (ek: '''Otto fan der Lippe''' of '''Otto II fan Utert''') (stoarn yn [[Ane]] ûnder [[Coevorden]], [[28 july]] [[1227]]) wie [[biskop]] fan [[Sticht Utert|Utert]] fan [[1216]] oant [[1227]]. Hy wie in soan fan greve [[Bernhard II fan Lippe]] en [[Heilwig fan Ahr]].
 
== Libben ==
Otto II wie [[proasdij|domproast]] yn [[Utert (stêd)|Utert]] en hie syn beneaming ta biskop te tankjen oan de greven fan [[Hollân]] en Hartochdom [[Gelre]]. Hy die yn [[1217]]/[[1218]] mei oan de belegering fan [[Damietta|Damiate]] yn [[Egypte]] yn de [[Krústochten|fyfde krústocht]]. Hy wreide syn [[jurisdiksje]] út ta de stêd Utert en stelde nije [[tolheffing|tollen]] yn om oan mear jild te kommen. Hy befjochte Hollân en Gelre en tekene yn [[1226]] in frede dy't geunstich foar him wie.
 
== Ekspedysjes ==
Lykas syn foargongers hie er te krijen mei oproer yn it [[Oersticht]]. Yn [[1224]] kamen ridders en boeren fan [[Sallân]] yn opstân. Otto fan Lippe gie de striid oan en makke de [[Kastiel Voorst|burcht fan de hearen fan Voorst]] mei de grûn lyk.<ref name="Hove">Hove, ten J. (2005). ''Geschiedenis van Zwolle'' Swol: Waanders. ISBN 904009050590-400-9050-5</ref>
 
Hy mingde him ek yn de striid yn [[Grins (stêd)|Grins]] tusken de partij fan de prefekt en de boargerpartij fan de [[Gelkingen]] dy't, stipe troch burchgreve [[Rudolf II fan Coevorden]], de stêd belegere. Hy besocht de prefect te helpen en luts op tsjin de Drinten, mar hy sneuvele yn de [[slach by Ane]] wylst syn leger ferslein waaard. Troch syn ekspedysjes rekke it bisdom sterk ferearme.
Rigel 22:
[[de:Otto II. von Utrecht]]
[[en:Otto II of Lippe]]
[[nl:Otto van Lippe (bisschop van Utrecht)]]