Drachtster Feart (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. ferw.
L tekst foto
Rigel 15:
Sûnt it [[Rampjier]] [[1672]] wie der stagnaasje troch in ekonomyske krisis. Yn 1680 hie it kanaal de grins mei [[Opsterlân]] noch net berikt. Sûnt 1713 koe in begjinmakke wurde mei it graven fan de Haulerwykster Feart. Yn 1718 is fanút [[Haulerwyk]] de feart trochlutsen lâns de [[Duerswâlder Heide]]. <!--Yn 1716 wie de bewenning lâns it kanaal wer tanomd, sadat der in nije mûne en yn 1743 in nije tsjerke boud wurde koe yn it plak Drachten.-->Yn 1744 wie it fean om [[Sigerswâld (Opsterlân)|Sigerswâld]] sawat ôfgroeven. Yn 1756 wurdt it kanaal útgroebven oan [[Haule (Eaststellingwerf)|Haule]] ta. Yn [[Haulerwyk]] en [[Waskemar]] ûntstienen nije [[feankoloanje]]s.
<!--Ek David George Wijndels wurdt neamd as ien fan de inisjatyfnimmers. Hy wie yn de 19e ieu ûntfanger op De Lemmer en neist de family [[Lycklama à Nyeholt]] ien fan de kompanjons, dy't ferantwurdlik wienen foar it graven fan de Drachtster Kompanjonsfeart wêrfan de Haulerwykster Feart no diel útmakket? It leit mear yn de reden dat dizze hearen dwaande wienen mei de Opsterlânske Kompanjonsfeart? Utsykje. Yn Fryslân giet men yn de twadde helte fan de [[18e ieu]] oer ta ôfturvjen fan de [[leechfean]]gebieten.-->
[[Ofbyld:Kromme-Elleboogsvaart.JPG|thumb|260px|''Kromme-Elleboogsvaart besuden Haulerwyk'']]
 
Yn 1760 of 1770 wie der noch gjin oansluting mei it Drintske [[Feanhuzen (Noardenfjild)|Feanhuzen]]. Mei de [[Koloanjefeart]], groeven tusken 1823 en 1826, feroaren de ekonomyske foarútsjoggen. Earst yn 1837 besliste men dat de 2e wyk fan de Kromme-Elleboogsvaart ferlingd wurde soe nei 40 m. fan de Frysk-Drintske grins, wylst in wyk fan de Koloanjefeart fan Feanhuzen oant 10 m. fan de grins groeven wurde soe. (It [[Federalisme]] wie sûnt de oprjochting fan de [[Bataafske Republyk]] noch altiten net ferdwûn.)