Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
red
Rigel 5:
 
== Libbensrin ==
Yn 1464 waard Edzard syn heit [[Ulrik Cirksena]] greve fan East-Fryslân, en hearske oer it gebiet tusken [[Wezer]] en [[Iems]]. Syn macht rikte lykwols net hielendal oan de Iems ta. It haaddoel fan Edzard wie om East-Fryslân oan de Wezer ta ûnder syn gesach te bringen. Hy oermastere hy Hero Omken fan it [[Harlingerlân]] en Edo Wiemken fan [[Jever|Jeverlân]], dy't leaver de macht holden yn harren eigen lantsjes as diel út te meitsjen fan de Fryske ienheid. Yn [[Rustringen]] waard er yn de maitiid fan 1500 troch de befolking erkend.
 
Doe't syn macht tusken Iems en Wezer wis wie, hie Edzard ek de ambysje om yn westlike rjochting te ekspandearjen. Dêrby tocht er yn earste ynstânsje oan de [[Lauwers]] as westlike grins. De stêd [[Grins (stêd)|Grins]] naam him yn [[1506]] as hear oan. HyEk wie eker steedhâlder fan de [[Ommelannen]]. Formeel foar de Hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk gie er dêr syn eigen gong. Yn Westerlauwersk Fryslân hie er ûnderwilens ek oanhingers krigen. Dat de Saksyske bestjoerders, út namme fan it [[Hillige Roomske Ryk]], benaud wienen foar de macht fan Edzard docht bliken as der yn 1512 twa Fryske eallju ûnthalzge wurde op fertinking fan kontakten mei Edzard.
 
Hartoch [[George fan Saksen]] waard troch Keizer [[Maksimiliaan I]] yn 1514 beneamd ta steedhâlder fan alle Fryske lannen. Dat waard troch de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] wegere. Greve Edzard seach dat as in mooglikheid om de stêd Grins en de Ommelannen ûnder syn gesach te bringen en makke him beskermhear fan de stêd Grins. Yn [[Aduard]] falle de Friezen ûnder Edzard in Saksysk leger oan.