Keninkryk Wesseks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Koninkrijk Wessex
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
[[File:British kingdoms c 800.svg|thumb|Keninkriken yn Brittanje ±800]]
'''Wesseks''' wie ien fan de sân Angelsaksyske keninkriken (ek bekend as de [[heptargy]]) dy't foarôf gienen oan it feriene keninkryk [[Ingelân]] ([[6e ieu]] - [[10e ieu]]). It lei yn it suden en súdwesten fan it lân. De namme is ûntliend oan de ynwenners, de [[West-Saksen]].
 
Wesseks bestie fanôf de [[6e ieu]] oant it ûntean fan de Ingelske steat yn de [[9e ieu]]. Neffens it histoaryske wurk fan namme, de [[Angel-Saksyske Kronyk]] (ASK), waard Wesseks stichte troch de keningen [[Cerdic]] en syn soan [[Cynric]], hoewol't it bewiis hjirfoar ûnbrekt.
 
It histoaryske Wesseks begjint mei [[Ceawlin]] (560-591?), neffens de tradysje de soan fan Cynric. Syn machtsbasis lei yn de westlike Teemsdelling, mei [[Dorchester-on-Thames|Dorchester]] yn [[Oxfordshire]] as haadplak. Hy wreide it ryk nei alle kanten út, benammen nei it westen ta. Hy jildt as de twadde [[Bretwalda]] (opperkening).
 
Letter waard it ryk ek nei it suden ([[Hampshire]] en [[Wight]]) en súddwesten ([[Dorset]] en [[Somerset]], letter [[Devon]]) útwreide. Tagelyk waard it noardlik part fan it gebiet lykwols ynnaam troch it keninkryk [[Mercia]]. Dêrom waard [[Winchester]] yn it suden in nij bestjoerssintrum.
 
De namme Wesseks waard doe trouwens noch net brûkt. Earst nei it regear fan [[Ine]] (± 700) waard sprutsen oer de 'West Saksen', en noch wer letter waard it gebiet as Wesseks oantsjut. Earder hjitte it ''[[Gewisse]]'' of ''[[Gewissae]]''. Dizze benamming waard wol ferbûn mei de mytologyske 'Gewis', de pake fan Cerdic, mar it is nei alle gedachten earder in âld Saksysk wurd dat 'bûnsgenoaten' betsjut.
 
== Keningen fan Wesseks ==