Kleaster Ihlow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Auwerk - Verwijzing(en) gewijzigd naar Auwerk (stêd)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rekonstruksje Kleaster Ihlow.jpg|thumb|300px|Rekonstruksje fan Kleaster Ihlow. Lofts en rjochts binne de ûnderste stikken fan de bakstiennen pylders neimakke. De grutte fan it bouwurk is goed te sjen as men nei de persoan rjochts fan de beam sjocht.]]
'''Kleaster Ihlow''' of '''Monasterium Sanctae Mariae in Schola Dei''' wie in kleaster dat 8 km. súd súdwest fan [[Auwerk (stêd)|Auwerk]] yn [[East-Fryslân]] lei. It lei tusken de sompen, feangebieten en taksusbosken fan it 350 ha. grutte [[Ihlower Forst]] en waard yn [[1228]] as [[sistersjenzer]] kleaster Schola Dei stifte. It wie de grutste fan 28 East-Fryske kleasters. De abten spilen in grutte rol yn kultuer en polityk. It kleaster wie de kânselarij fan it bûn fan de [[Upstalbeam]]. De Upstalbeam stie in seis km. benoarden it kleaster. Trijehûndert jier letter waard it by de herfoarming (sechtich jier earder as by ús) yn [[1529]] troch greve [[Enno II]] ôfbrekke litten en ferkocht.
 
It kleaster wie fan deselde oarder as [[Klaarkamp]] yn [[Rinsumageast]] (earder Ringesheim) by de feangebieten fan [[Moarrewâld]] (moarre=moar, fean of [[sompe]]). Kleaster Ihlow waard dan ek stifte nei in fersyk fan muontsen oan de abt fan Klaarkamp, mar dy liet it oer oan de abt fan Aduard. It kleaster hie grutte betsjutting foar de [[feanterij]] yn dizze kontreien.