Doarpswei (Martensdyk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Doarpswei (Maartensdyk) feroare ta Doarpswei (Martensdyk): noch marris..
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: De Bilt - Verwijzing(en) gewijzigd naar De Bilt (gemeente)
Rigel 6:
Yn it jier [[1405]] is de basis foar de Doarpswei lein doe't hjir, by de ûntginning fan it [[fean]]gebiet Eastfean út it suden wei, in dyk oanlein waard, in saneamde dwersdyk of ûntginningsas. By de noardkant fan de dyk lâns de is der ek in wjittering oanlein, dy't it wetter fan de [[Utertske Heuvelrich]] ôf, yn westlike rjochting ôffiert. Dy sleat leit der hieltyd noch; minsken moatte dan oer in brechje om by it hûs te kommen. Stadichoan binne der oan de súdkant fan de wei mear sydwegen en bebouwing komd.
 
De Doarpswei eindiget yn it westen by de oansluting op de Tolikkerwei en giet yn it easten by de eardere gemeentegrins tusken Martensdyk en [[De Bilt (gemeente)|De Bilt]] oer yn de Martensdykskewei. Op 170 meter fan de Tolikkerwei krúst de Doarpswei it [[spoar fan Utert nei Hilfertsom]] en op sa’n 240 meter fan de Tolikkerwei ôf de [[Rykswei 27|A27]].
 
Oan beide kanten fan de Doarpswei binne tusken de nije huzen noch in soad âlde pleatsen te finen. Beide úteinen wurde markearre troch in pear monumintale gebouwen: oan de westein it eardere gemeentehûs en de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, oan de eastside [[Bûtenplak Rustenhoven|Rustenhoven]] en [[Lângoed Eyckenstein|Eyckenstein]].