Wim en Hans Anker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
L [[]]
Rigel 1:
De twillingbruorren '''Wim en Hans Anker''' ([[Skiermuontseach]], [[27 febrewaris]] [[1953]]) binne twa bekende [[Fryslân|Frysk]]e [[Abbekaat|strafpleiters]]. Wim wurdt ek wol Willem neamd. Se wenje yn [[Akkrum]].
 
De twilling groeide op yn Akkrum as bern fan de [[boargemaster]]. Nei in ulo[[ULO]]- en hbs[[HBS]]-oplieding yn Ljouwert studeardenstudearren se [[rjochten]] oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Hjirnei ferhuze Wim nei de [[Rânestêd]] om amtner op it [[ministearje fan Justysje]] te wurden. Nei fjouwer jier oertsjûge syn broer Hans him om werom te kommen nei Fryslân, en abbekaat te wurden by itselde kantoar dêr't Hans ek wurke. Yn 1990 stiften se harren eigen kantoar: Anker & Anker te Ljouwert.
 
De firma Anker & Anker hat him spesjalisearre yn strafrjocht en benammen yn strafsaken, dêr't [[Tabeskikkingstelling|TBS]] en [[kassaasje]] in wichtige rol by spylje en behannelje benammen [[pro-deo]] saken. Dit betsjut dat se zaken tawiisd krije fan fertochten dy't gjin abbekaat betelje kinne of dy't gjin abbekaat inhiereynhiere kind hawwe omdat nimmen se ferdigenje wol. Sa ferdigenen de bruorren [[Ferdy Elsas|Ferdy E.]], de moardner fan [[Gerrit-Jan Heijn]]; 'ingel fan'e dea' [[Martha U.]]; en [[Richard Klinkhamer]], dy't syn frou fermoarde. Ek de fjouwer belagers fan [[Meindert Tjoelker]], en de ekstreemrjochtse partij [[CP'86]] binne troch harren ferdigene. Dêrnjonken lûke se harren it lot fan TBS-ers en langstraften oan, lykas searje-moardner [[Koos Hartogs]], dy't al 25 jier yn TBS-kliniken fêstsit. Ek ferdigenen hja [[Jan Veerman]], dy syn dochter en de bedriuwslieder fan [[kafee Het Hemeltje]] yn [[Foalendaam]].
 
Yn in soad gefallen komme kliïnten by de Ankers terjochte út alle hoeken fan it lân by de Ankers terjochte, bytiden nei wegere te wêzen troch alle oare abbekaten. Yn in tal gefallen, dêr't foar it publyk de skuld dúdlik by fêststie, krigen se bedrigings. Mei de CP'86 -saak waard it kantoarpân bekûgele mei húskepapier. Wim en Hans Anker beweare lykwols dat eltsenien by harren terjochte kin. Wêr't jo ek fan fertocht wurde, wa't jo ek binne: elts hat rjocht op in earlik proses. Boppedat is ien altyd ûnskuldich oant it tsjindiel bewiisd wurdt.
 
Wim Anker en Hans Anker binne aktivewarbere gongmakkers yn it ferieningslibben fan Akkrum. Foarbylden binne it [[Frysk kampioenskip [[mêstklimmen]], [[Tûne-Lûke]] en [[Slingeraap]]. Se binne ek supporter fan [[SC It Hearrenfean]]. De bruorren binne net allinnich leafhawwers fan it libbenssliet, mar binne sels ek entûsjaste fertolkers. Se ferlienden meiwurking oan in [[Kompaktskiif|cd]] fan [[Oane en Skelte]] yn it Frysk.; Ekek oan in cd fan it dweilorkest De Glêsblazers út It Hearrenfean en wurkendienen de bruorren mei meioan it liet ''Heerenveen foar altyd''. Op in cd fan Radio Yllegaal sjonge se it nûmer: ''Der komt wer in yllegaal''.
 
Se brûke by harren wurk en yn 'e omgong in soad humor. De iene neamt de oare 'Joop" en ek wol 'it aai' omdat de manlju beide aardich troch it hier binne. Sa neamden se harren abbekatekantoar ris "Anker & Anker, foar al jo misdieden". By feesten foel it harren op dat de skoften faaks it gesellichst binne. Hja besleaten doe in "pauzefeest" te hâlden by kafee Goerres yn Akkrum; der stie neat op it programma: it gie ommers om de gesellichheid..<br>
Yn 2007 kochten de bruorren in 90 kilo swiere stielen doar út de Koepel-finzenis yn [[Breda]] foar harren kantoar oan de Oksekop. Tusken 1945 en 1989 hienen dêrefter de [[Fjouwer fan Breda]] (Fischer, Kotälla, Aus der Fünten en Lager) fêstsitten.
 
De tema's fan de ferhalen fan de tillevysjesearje [[Dankert & Dankert]] binne basearre op saken fan de abbekatetwjilling.
 
== Oare banen fan Wim Anker==
* lidLid fan de [[Nederlânske Feriening foar Strafrjochtabbekaten]] (NVSA).
* dosintDosint strafrjocht fan de [[Nederlânske Oarder fan Abbekaten]] (NOvA).
* dosentDosint gastkolleezjes universiteiten
 
== Wichtige saken ==
* [[Ferdi Elsas|Ferdi E.]], de moardner fan [[Gerrit-Jan Heijn]]
* [[Martha U.]], "de Ingel fan'e Dea"
* [[Richard Klinkhamer]], de skriuwer dy't syn frou ombrocht hat
* Eks-marinier Paul S.