Jan Herder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
-kat
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: It Hearrenfean - Verwijzing(en) gewijzigd naar It Hearrenfean (plak)
Rigel 1:
'''Jan Herder''' ([[Appelskea]], [[16 novimber]] [[1889]] - [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], [[7 maart]] [[1978]]) wie in Fryske boer, timmerman en [[kommunisme|kommunist]]. Hy troude yn 1911 mei Antsje Zwart, hja krigen in dochter en trije soannen.
 
Herder giet oan syn fjirtjinde jier nei skoalle. Jild om troch te learen is der net, hoewol't haadmaster dat wol woe. Hy giet yn'e lear by ferskate timmerlju. Mei syn broer begjint hy yn 1911 in timmerbedriuwke yn [[Haulerwyk]], mei troch it jild fan syn frou. Twa jier letter begjint er foar himsels en slút him oan by it Timmerlju- en Patroansbûn. Yn [[1918]] ferkeapet hy de saak en wurdt boer mei in mingd bedriuw. De saken gean aardich goed en yn [[1926]] kin hy in nije pleats bouwe.