Rinsumageast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Eysinga State - Verwijzing(en) gewijzigd naar Eysinga State (Rinsumageast)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Juwsma State - Verwijzing(en) gewijzigd naar Juwsma State (Rinsumageast)
Rigel 19:
 
== Skiednis ==
Rinsumageast stie eartiids bekend as Ringesheim, neamd nei in âld wetter [[de Moark]] dat troch it doarp kaam. De namme komt fan it Alddryske "hring", dat in slingerjend wetterte is. It is in âld doarp, ea stienen der fjouwer stinsen om 'e Geast hinne, mar dy binne lykwols allegearre fuortrekke. De [[Juwsma State (Rinsumageast)|Juwsma State]] waard troch Ljouwerters en de buorman fan de Tjaarda State ferwoaste. De [[Melkema State]] dêr't de [[Aylva]]'s wennen is it earst sloopt. De [[Eysinga State (Rinsumageast)|Eysinga State]] is yn [[1805]] nei in brân ôfbrutsen. En [[Tjaarda State]] dêr't [[Schelte fan Tjaarda]] wenne is sloopt yn [[1834]].
 
En net te ferjitten it [[Kleaster Klaarkamp]] fansels, dêr't it [[Clearcampster Bitterke]] noch fan tsjûget. Sirka [[1165]] waard op dizze terp ''Ringesheim'' it [[Sistersjenzers|Sistersjenzer]] kleaster [[Klaarkamp]] stifte. Yn [[1580]] waard dat opheft. De besittings ferfoelen oan de [[Steaten fan Fryslân]]. De [[terp]] dêr't Klaarkamp op stie waard tusken [[1858]] en [[1941]] ôfgroeven, de grûn waard ferkocht.