Beurskrach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: nl:Beurskrach
red
Rigel 1:
In '''beurskrach''' of '''beurscrash''' is in beneaming út de [[ekonomy]] en wurdt brûkt om it hommels sterk skokjend sakjen fan de [[koers (effekten)|koersen]] fan in grut diel fan de [[oandiel|oandielen]] op de [[effektenbeurs]] mei oan te tsjutten.
 
In beurskrach is wat oars as in saneamde [[bearmerk]], wêrby't koersen oer langere tiid stadichwei sakje. In beurskrach is in kwestje fan dagen, wylst in sakjende merk lang oanhâlde kin. In merk dêr't de prizen stadichwei trochsakje sûnder grutte skokken wurdt ek wol in ''slûpcrash'' neamd. Meidat de twa bekendste gefallen fan in beurskrach barden yn de moanne oktober assosiearret men yn beursfermiddens dizze moanne noch altiten mei crashes. Der bestiet gjin dúdlike kwantitative definysje foar it ûnderskied fan in krach en in gewoane beursdelgong. Globaal nommen wurdt útgien fan in sakjen fan 10 persint of mear yn in pear dagen, wylst dan ek sprake is fan panyk. In krach hoecht net te barren yn in bearmerk: de krach fan 1987 barde yn in opgeande merk. De grutte delgong fan de Japanse merk yn de jierren njoggentich ferrûn dêrtsjin sûnder in ôfsûnderlike krach.
Rigel 15:
Neidat yn [[1986]] wrâldwiid de [[rinte|kapitaalmerkrinte]] tegearre mei de oandielekoersen sterk opûn ûntstie der healwei oktober 1987 in sterke delgong op de beurzen.
Neidat yn it wykein fan 17 en 18 oktober de Amerikaanse minister [[James Baker]] him kritysk oer it ekonomysk belied fan de Dútsers útliet, trede in sterke delgong fan de koersen op.
Op moandei 19 oktober iepene de [[Dow Jones]] 200 punten leger op in nivo fan 2040 en sluet de dei ôf mei ien rekordferlies fan 508 punten op 1738,42 ofwol in sakjen fan 22,6%. De [[Federal Reserve]] ferllegeferlege de koarte rinte, en ek de lange rinte dy't de dagen foar de crash nei boppe 10% oprûn wie sakket wer ûnder dit nivo. De oaredeis helle de [[Nikkei]]-yndeks ([[Tokio]]) mei 15% nei in nivo fan 21911 punten.
 
== 2008 ==