Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 77:
 
Ek it âlde idee fan de spoarline nei de Portegeeske kust waard wer opbrocht, ek hjiryn spilen de Nederlanners in wichtige rolle. Tige dreech kaam de Nederlandsch[[-Zuid-Afrikaansche Spoorwegmaatschappij]] (NZASM) ta stân, dy’t op like drege wize begûn oan de bou fan de spoarline. De omstannichheden fan de spoarwei-arbeiders wienen min, mar de NZASM wie in dúdlike fertoaning fan Nederlânsk belang by it Súd-Afrikaanske barren. In soad Nederlanners dy’t yn dy tiid nei Afrika lutsen kamen by dizze maatskippij oan it wurk, wêrûnder ek [[Cor van Gogh]], it broerke fan skilder [[Vincent van Gogh]].
 
[[Ofbyld:PKruger 1898 VA0952.jpg|thumb|right|250px|''Paul Kruger by syn fjirde ynauguraasje yn Pretoria, 1888.'']]
 
Yn Transfaal wie wis net eltsenien sa bliid mei de grutte ynfloed út it fiere Nederlân, mar presidint Kruger koe him gjin bettere stipe winskje. Mei de stok fan de treinferbining efter de doar koe hy de Britten ta betteren hannelfoarwaarden en tariven twinge.