Ferskil tusken ferzjes fan "Claude Monet"

3.272 bytes lytser ,  15 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (robot Erbij: sl)
<table align="right"><tr><td align="center">[[Ofbyld:Monet_impressions_soleil_levant.jpg]]<br><small>''[[Claude Monet]], Impressions du soleil levant''</small></td></tr></table>
 
'''Claude Oscar Monet''', ([[14 novimber]] [[1840]] - [[5 desimber]] [[1926]]) wie in Frânske skilder. Monet wie ien fan de liedende skilders yn de [[ympresjonisme|ympresjonistyske]] styl.
 
===Biografy===
Monet is berne yn [[Parys]] en ferhuze doe't er sawat 5 jier wie mei syn famylje nei [[Le Havre]]. Monet wie yn de jierren 1861-62 in militêre tsjinst yn [[Afrika]], wat syn lettere kar om benammen lânskippen te skilderjen beynfloede hawwe kin.<BR>
Fan likernôch [[1865]] ôf hie Monet in relaasje mei [[Camille Doncieux]]. Yn [[1867]] waard harren earste soan, Jean, berne yn Parys. Se trouden yn de simmer fan [[1870]]. Harren houliksreis gie nei [[Trouville]], mar fanwege de oarloch tusken Frankryk en de Prusen flechten se nei [[Londen]]. Fia Nederlân kamen se werom yn Frankryk dêr't se harren yn [[Arqunteuil]] ta wenjen setten. Dat plak wie fia it Paryske [[stasjon Saint-Lazere]], dêr't Monet ferskate skilderijen fan makke hat, maklik te berikken. Finansjeel gie it Monet yn dy perioade foar de wyn: syn skilderijen ferkochten goed.
 
Yn 1879 waard de twadde soan, Michel, berne, koart foardat de famylje Monet nei [[Vétheuil]] ferhuze. Yn [[1879]] ferstoar Camille. Monet huze doe al mei [[Alice Hoschedé]] en har man Ernest. Dy ûngebrûklike ferhâlding wie de oanlieding ta in stream fan geroften en Monet syn relaasje mei kollega skilders kaam dêrtroch ûnder druk te stean. Yn [[1883]] ferhuze de 'ménage' mei harren acht bern nei [[Giverny]]. Yn [[1891]] ferstoar Ernest, wat it paad frij makke foar in houlik tusken Monet en Alice. Foar de famylje Monet bruts in rike tiid oan.
 
Yn 1911 ferstoar Alice, yn 1914 folge troch Monet syn âldste soan Jean. Jean wie troud mei de twadde dochter fan Alice, Blanche. Blanche soarge as widdo foar de skilder op jierren. Monet is 86 jier wurden.
 
===Wurk===
 
Nei earst benammen karikatuertekeningen makke te hawwen, begûn Monet op syn 24ste mei it skilderjen fan lânskippen yn de bûteloft, soks op oanrieden fan de Normandyske skilder [[Eugène Boudin]]. Monet skildere benammen de lânskippen yn syn eigen omjouwing: yn [[Arquenteuill]] it ferneamde fjild mei klaproazen en yn Giverny stikken fan syn eigen tún dy't letter in toeristysk plak wurden is. Syn skilderij ''Impression, soleil levant'' út [[1874]] joech oanlieding ta de namme ''ympresjonisme''.
 
 
===Eksterne ferwizings===
* http://www.ibiblio.org/wm/paint/auth/monet/
 
[[ar:كلود مونيه]]
[[bg:Клод Моне]]
[[ca:Claude Monet]]
[[da:Claude Monet]]
[[de:Claude Monet]]
[[el:Κλωντ Μονέ]]
[[en:Claude Monet]]
[[eo:Claude MONET]]
[[es:Claude Monet]]
[[fi:Claude Monet]]
[[fr:Claude Monet]]
[[he:קלוד מונה]]
[[hr:Claude Monet]]
[[id:Claude Monet]]
[[it:Claude Monet]]
[[ja:クロード・モネ]]
[[ko:클로드 모네]]
[[li:Claude Monet]]
[[lt:Klodas Monė]]
[[nl:Claude Monet]]
[[no:Claude Monet]]
[[pl:Claude Monet]]
[[pt:Claude Monet]]
[[ro:Claude Monet]]
[[ru:Моне, Клод]]
[[sh:Claude Monet]]
[[sk:Claude Monet]]
[[sl:Claude Monet]]
[[sr:Клод Моне]]
[[sv:Claude Monet]]
[[vi:Claude Monet]]
[[zh:莫奈]]
Anonime meidogger