Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
B. (oerlis | bydragen)
L opmaak en in lytse tafoeging
Rigel 1:
'''Salomon Levy''' (±[[1750]] - [[17 maart]] [[1798]]) wie in slachter en keapman dy't oan'e ein fan [[18e ieu]] tahâlden hat yn de omkriten fan [[Kollumersweach]] en [[De WestereinWestereen]]. Levy is bekend wurden fanwege syn feroardieling ta de dea foar syn oandiel yn it [[Kollumer Oproer]].
 
==Komôf==
Rigel 5:
 
== Grinslân ==
Yn IJmetil hat er yn [[1787]] nei alle gedachten koart wenne by Izaäk Abrahams, dy't ek joadsk wie en him dêr festige hie. Yn de 18e ieu wiene der tal fan beheinings foar joaden. Se wiene net frij om har te fêstigjen en waarden mar yn in pear beroppen talitten. Slachter en keapman wiene yn Grinslân de iennige beroppen dy't oan [[joaden]] tastien wiene. Abrahams hat ek grif ien fan dy beroppen hân. Levy krige tastimming om him te fêstigjen yn [[Nijesyl]] by [[Gryptsjerk]]. Hy waard dêr yndie slachter en keapman, en hy huze dêr mei de net-joadske Fokje Theunis (1759, [[Boerum]]). Tegearre krigen se yn [[1788]] in soantsje, Theunis. Nei in jier of 3 as 4 ferfarre it húshâlden nei de WestereinWestereen, nei sizzen fan Levy om't er tocht dat er dêr in better bestean as slachter en keapman hawwe soe.
 
== [[De Wâlden]] ==
Earne yn de earmoedige omkriten fan De WestereinWestereen en Kollumersweach moat er ek wenne hawwe mei de likernôch like âlde Fokje Theunes (Njonken Theunis krigen se noch twa famkes, Ytsje en Aaltsje.)
 
It wie yn de [[Fryske Wâlden|Wâlden]] eartiids gjin fetpot en Levy hie muoite om syn kostje by inoar te skarreljen. Hy soe foar lytse fergripen fjouwer kear foar it gerjocht ferskine. Mooglik spile lykwols ek syn joadsk komôf mei by de beskuldigings. Yn alle gefallen waard er mar ien kear feroardiele, ta in jier tichthûs foar it oanbieden fan stellen guod.
Rigel 17:
Begjin [[1797]] waard [[Jan Binnes]] foar syn oandiel yn it Kollumer Oproer yn Ljouwert ta de deastref feroardiele. Salomon Levy dûkte ûnder mar waard in jier letter dochs oppakt. Hy hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele er as ûnbetrouwber en leageneftich. Lykwols waard er foar syn oanpart yn it oproer ta de dea wiisd. Op 17 maart 1798 kaam Levy yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] oan syn ein.
 
==Ferskaat.
Yn [[2009]] is it [[Iepenloftspul|iepenloftstik]] ‘Levy’, skreaun troch Gerrit Hoekstra, yn Burgum opfierd. Yn De Westereen is in strjitte nei Salomon Levy ferneamd.
 
==Literatuer==