Fagina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "80.85.43.242" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Streuper".
Rigel 1:
[[Ofbyld:Female genitalia inner.JPG|thumbnail|250px|1 = [[Klitoarisfoarhûd]],<br />2 = [[Klitoaris]],<br />3 = [[Skamlippen|Binnenste skamlippen]],<br />4 = Fagina-iepening,<br />5 = [[Skamlippen|BûtenstkieBûtenste skamlippnskamlippen]]]]
De '''fagina''' of ''skie'' is it ynwindige diel fan it [[organen|geslachtsorgaan]] dat by froulike bisten (wêrûnder de minsk) de [[liifmoer]] mei de bûtenkant fan it lichem ferbynt. It útwindige diel wurdt [[vulva]] neamd.
 
Rigel 14:
Yn de fagina is ôfskieding oanwêzich, [[faginale ôfskieding]] (as dizze abnormaal is ''[[fluor faginalis]]''). De ôfskieding bestiet út slym produsearre troch de liifmoermûle (''cervix''), ôfstjitten epiteel fan de fagina. Dizze fagina[[sel]]len befetsje glykogeen, wat omsetten wurdt ta [[molksoer]] (''laktaat'') troch de [[Lactobacillus]]. Dizze [[baktearje]] heart hjir thús en soarget derfoar dat troch molksoerproduksje de [[soergraad]] fan de fagina leech bliuwt. Dit soarget, tegearre mei de slymproduksje út de liifmoermûle, dat der gjin baktearjen wêrtroch [[ynfeksje]]s yn de liifmoer en de [[liifsholte]] ûntsteane nei boppe ta gean kinne. Dizze ôfskieding is ornaris rookleas en jout fierder gjin klachten en hjit dêrom ek wol ''fluor albus'', ''wite ôfskieding'' of [[wite floed]]. Hoefolle der is hinget ôf fan de [[syklus]]. Healwei de syklus, om de [[aaisprong]] (''ovulaasje'') hinne, nimt de ôfskieding ta, dêrnei wer ôf.
Ôfskieding kin ek tanimme by [[seksuele opwining]]. Troch ferhege bloedtafier ûntstiet [[kongestje]] fan [[bloed]] en dêrtroch komt focht troch de wand fan de fagina (''transudaasje''). Fierders wurdt ôfskieding produsearre troch ferhege ôfjefte troch de [[klieren fan Bartholin]] by de fagina-iepening.
 
== Seksualiteit ==
By froulju dy't noch gjin geslachtsferkear hân hawwe wurdt de fagina omrâne troch it [[fammeflues]] (''hymen''). 'Flues' is lykwols in ûngelokkige beneaming. It fammeflues is net sluten; der sit in grutte iepening yn wêrtroch't der by de [[menstruaasje]] bloed troch nei bûten kin. As it hymen ûndanks sport en [[tampon]]gebrûk te grut is foar penetraasje fan de fagina, sil it fammeflues by it earste geslachtsferkear ynskuorre, wêrby't wat bloed frijkomme kin. Soks kin pynlik wêze.
 
Guon froulju hawwe in tige gefoelige [[erogene sône]] binnen harren fagina, it [[G-plak]], wêrmei't hja in [[orgasme]] berikke kinne. Foar de measte froulju is lykwols stimulearring fan de [[klitoaris]] nedich om ta in orgasme te kommen. Dy te stimulearjen middels [[slikje]]n mei de [[tonge]] hjit ''[[cunnilingus]]'', populêr: ''beffe''. Om it fersprieden fan [[geslachtssykte|fenearyske sykten]] foar te kommen besteane der saneamde ''[[beflapke]]s'', makke fan [[lateks]] en mei in oangename rook.
 
In protte froulje stimulearje de koïtus mei help fan in [[fibrator]] of ynbrochte fibrearende plestyk aaien.
 
Lykas foar alle wurden dy't mei [[seksualiteit]] te krijen ha, binne der yn de taal in soad alternative wurden foar ''fagina''.
 
== Undersyk ==