Isaac Newton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: vec:Isaac Newton
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Merkurius - Verwijzing(en) gewijzigd naar Merkurius (planeet)
Rigel 29:
Newton wurke in wiskundige fergeliking út om harren ferbân omskriuwe te kinnen en besluet te ûndersykjen yn hoefier dy op de leden fan it sinnestelsel fan tapassing binne. Yn syn berekkening naam hy ek de ûnderlinge fersteuringen fan de planeten mei om te sjen oft de waarnommen en foarseine posysjes yn goeie oerienstimming wienen. Lykas by al syn oare ûnderfinings ferwachte Newton dat syn teoryen troch eksperiminten of wiernimmingen befêstige wurde koenen.
 
De omgongbanen fan de planeten [[Mars]], [[Jupiter]] en [[Saturnus]] kamen oerien mei de waarnommen posysjes. Letter waard ûntdutsen dat yn de baan fan [[Merkurius (planeet)|Merkurius]] in lytse ôfwiking siet. Newton hie oantoand dat deselde krêft dy’t in appel nei ûnderen fallen die, de moanne yn har baan hâldt, de planeten yn in elliptyske baan om de sinne hâldt en ek ferantwurdlik is foar it omrinnen fan de troch [[Galileo Galilei]] ûntdutsen fjouwer grutte moannen fan Jupiter. It is in wet fan it omkearde kwadraat: De krêft nimt ôf, likens mei it kwadraat fan de ôfstân. As de ôfstân tusken twa foarwerpen twa kear sa grut wurdt, is de ûnderlinge oanlûkingskrêft dy’t se nei elkoar ta lûkt, noch mar ien fjirde fan de oarspronklike oanlûkingskrêft. As de ôfstân tsien kear sa grut wurdt, is de oanlûkingskrêft 10y=10 kear 10 = 100 kear lytser.
 
It wie dúdlik dat de krêft yn sekere sin omkeard wurke. Dêrmei waard bedoeld ôfnimmend by tanimmende ôfstân. Dat is de reden werom in komeet of planeet op grutte ôfstân fan de sinne stadiger beweecht en hurder as hy de sinne nadert. De swiertekrêft is swakker as men tichter by de sinne komt.