Jens Emil Mungard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 9:
Jens boaske yn [[1910]] en sette him mei syn wiif nei wenjen yn it hûs fan syn heit. It spantsje libbe yn grutte earmoede, en dat waard noch slimmer doe't it hûs yn 1921 folslein delbaarnde. It hûs rekke er kwyt, gong by de frou wei, en bruts letter mei syn famylje. Yn 1934 ferliet er in skoftlang it eilân.
 
As jonge wie er al tige warber yn de Noard-Fryske letteren en hy hope dat it nazi-bewâld syn taal stypje soe. Mungard seach al frij gau dat de nazi's soks net fan doel wienen. De nije machthawwer yn Berlyn seach de Friezen ommers as in Dútske folksstam.<ref name="Friesisch unter dem Hakenkreuz">[http://209.85.129.132/search?q=cache:CbZsXdHnJjMJ:www.nordfriiskinstituut.de/seite80-87gnf.pdf+Jens+Emil+Mungard+Interfriesisches+Kongres&cd=1&hl=fy&ct=clnk&client=firefox-a Friesisch unter dem Hakenkreuz] side 5 o/m 8 (sjoen op 4 feb. 2010)</ref> Mungard socht stipe by de opposysje. Yn syn dichtwurk makke er de nazi's bespotlik. Mei de Friezen yn de provinsje Fryslân besiket er kontakt te hâlden. Lykwols wurdt er dêrom yn 1935 fêstnommen en as steatsgefearlik (''national unzuverlässig'') klasifisearre.<ref name="Widerstand gegen den Nationalsozialismus">[http://www.gegen-diktatur.de/beispiel.php?beisp_id=359&tafel_id=6&thema=0 Widerstand gegen den Nationalsozialismus - Jens Mungard] (sjoen op 11 apr. 2010)</ref> Yn it ''Schutzhaftbefehl'' fan 13 juny 1936 stiet:
'Jo hâlden en dragen oant no ta is foar ús in rjochtfeardiging om jo te fertinken fan it skansearjen fan it oansjen fan it Dútske Ryk yn it bûtenlân.'
 
Rigel 15:
{{cquote|De Fryske kultuer stiet op himsels en hat neat mei de Dútske kultuer te krijen. ... Wa't gjin Hitlerlieten skriuwt, mei net mear skriuwe, en dy skriuw ik net, ik skriuw oars. It lêste wat se noch dwaan moatte is myn finger ôfhakke. ... Ik wol foar Fryslân en it Frysk itselde as wat de Dútsers foar harsels wolle, krekt as de minsken yn Tsjechje, Poalen, Denemark ensafh.}}
 
Jens Emil Mungard hold him net oan it skriuwferbod en waard yn 1938 fêstnommen. Begjin 1939 waard er nei konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht. Nei 377 dagen finzen west te hawwen stoar Mungard op 13 febrewaris 1940 as gefolch fan it ferbliuw yn it konsintraasjekamp.<ref name="Widerstand gegen den Nationalsozialismus">[http://www.gegen-diktatur.de/beispiel.php?beisp_id=359&tafel_id=6&thema=0 Widerstand gegen den Nationalsozialismus - Jens Mungard] (sjoen op 11 apr. 2010)</ref>
 
== In part fan syn wurk ==