Iduna (tydskrift): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
[[]]
Rigel 3:
De namme '''Iduna''' ferwiist nei in Noarsk mytologysk figuer, ''Iðunn'', dy't hoeder wie fan de jonkheid fan de goaden en de godinne fan de dichtkeunst.
 
Hy brûkte in eigensinnige stavering, nei in idee fan [[Montanus Hettema|De Haan Hettema]], neamt nei it tydskrift: de Idunastavering. As foarbyld dêrfan kin it neifolgjende sitaat fan him, ít 1845, tsjinje dêr't er syn stavering yn ferdigenet: ''"Mei ynachtniming, ho da Friesen oannath Hollondsk forwend benne, end mei th' each oppa biscawing end foarútgong der tael, matte da scriûers, sa fulle dwaenlik, ynnath ald-Frysk self da wetten foar hiar spelling siikje."'' De Idunastavering stie lykwols fier ôf fan de deistige taal fan de gewoane man. Sytstra seach dat letter sels ek wol yn en gie doe hieltyd mear oer op in ienfâldiger stavering.
 
Yn 1871 giet it tydskrift fierder ûnder de namme ''[[Forjit my net!]]'' ûnder lieding fan [[Gerben Colmjon|G. P. Colmjon]] (1828-1884). It bliuwt bestean oan't 1915.