Stetoskoop: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa hjit dat
L Dien, tink ik
Rigel 1:
{{stavering}}[[Ofbyld:Stethoscope-2.jpg|thumb|Stetoskoop]]
[[Ofbyld:Hörrohr Stethoskop Meyers 1890.jpg|thumb|19e ieuske houten stetoskoop<br><small>Fergelikbere modellen hawwe oant twadde helte 20e ieu yn gebrûk west, benammen yn de ferloskunde</small>]]
in '''stetoskoop''' ([[Gryksk]] ''stèthos'' = boarst(kas)) is in ynstrumint om nei [[lûd]]en yn het lichem te lústerjen ([[auskultaasje]]).
 
De earste stetoskoop is beskreaun troch de [[Frankryk|Frânsman]] [[René Laënnec]] dy't nei'tneffens de oerlevering wol, in koker fan oprôle papier brûkte om nei de hertslach fan in mûtele dame te lústerjen ynstee fan it ear tsjin it lichem (hjir de boezum) te hâlden wat oant dan ta wenst wie om lichemslûden te belústerjen.
 
In moderne stetoskoop bestiet út in [[membraan]], oer in fierders sletten holte spand, dêr't in slang yn útkomt dy't oan de oare kant útmûnet yn twa earstikken mei dopkes dy't de heargongen fan de ûndersiker luchtticht ôfslute. Trillingen yn it membraan wurde sa fia de lucht yn de slang oerbrocht op it [[Trommeflues|trommefluezen]] fan de harker. Faak hat de stetoskoop oan de oare kant in ''klok'' mei in rubberen ring dy't, goed op de hûd oanslutend set, de hûd sels as membraan funksjonearje lit; sa kinne de wat legere toanen better heard wurde. Omdat it oerflak fan it membraan grutter is as dat fan het trommelflues, wurdt it lûd fersterke. By stetoskopen mei mear koppen moat de kop draaid wurde om it lústerkanaal oan de winslike kop te keppeljen.
 
Der binne ek moderne stetoskopen mei [[mikrofoan]]s en fersterkers, mar fierwei de measte dokters brûke noch it tradysjonele model.
 
De stetoskoop is yn hast alle [[medysk spesjalisme|medyske spesjalismen]] sa'n fêst part fan de útrissing fan de arts, dat it stik ark wurdt faak as in soarte fan [[symboal]] sjoen foar it begryp '[[arts]]' of '[[genêskunde]]'. De meast hantsume stetoskopen binne lichte en lytse modellen ('bloeddrukstetoskopen' of 'ferpleechstersstetoskopen'), mar harren kwaliteit lit te winskjen oer. In goede stetoskoop hoecht net al te djoer te wêzen, mar is wol frijwat foars en stiif troch de dikke slangen en de solide kop dy't nedich binne foar in goede wurking.
 
==Keppeling om utens==