Remigius Driutius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf's
Rigel 4:
Drieux wie de soan fan Remi Drieux senior en Katherina Fenaerts. It wie in begoedige famylje dy't al ferskate generaasjes tahâlde yn it plakje Volkerinkhove bij [[Kassel (Dútslân)|Kassel]] en [[Wormhout]] yn [[Greefskip Flaanderen|Frânsk-Flaanderen]]. Ik pear krige njoggen bern dêr't Remi de âldste fan wie.
 
Doe't er alve jier âld wie ûntfong er al de tsjerklike krúnskearing. Yn oktober 1535 sette er útein mei syn universitêre studzjes yn Leuven. Hy wenne dêr by syn omke, professor Michiel Drieux (1495-1559), kanselier fan de Universiteit, yn it lettere Driutiuskolleezje. Hy folge ek lessen yn it Collegium Trilingue. Yn 1538 helle er de magistertitel en yn 1542 waard er lisensjaat yn beide rjochten. Yn 1543 waard er ta pryster wijd.
 
Fan 1538 oant 1544 dosearre er filosofy yn it Leliekolleezje en fan 1544 ôf wie er professor boargerlik rjocht en kanunnik fan de Sint-Pietertsjerke. Hy wie doe krekt 25 jier.
Rigel 11:
 
=== Biskop fan Ljouwert ===
Op 15 maart 1560 waard Drieux, op foarstel fan [[Antoine Perrenot de Granvelle|Granvelle]],<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/rogi002gesc01_01/rogi002gesc01_01_0003.htm Geschiedenis van het katholicisme in Noord-Nederland in de 16e en de 17e eeuw], [[Lodewijk Rogier|L.J. Rogier]], s. 233</ref> ta earste biskop fan Ljouwert beneamd en yn ditdat amt befêstige troch de paus op 8 augustus 1561. Hy waard lykwols net ta biskop wijd.
 
It Bisdom Ljouwert wie fanwege de [[Spanje|Spaanske]] [[Kening (titel)|kening]] [[Filips II fan Spanje|Filips II]] oprjochte mei it doel de [[ketterij]] better deltwinge te kinnen (earder siet de biskop alhiel yn Utert). It plan slagge mar min.
 
Driutius naam de oanstelling skytskoarjend oan, op oanstean fan van kardinaal [[Antoine Perrenot de Granvelle|Granvelle]]. Hy hie it [[Frysk]] net yn'e macht en dizze opdracht fan fierens helle him út syn fertroude biotoop dy't yn Leuven-Brussel-Mechelen lei. It fûleindich ferset fan de [[Steaten fan Fryslân]] en fan de Fryske klerus behinderen syn ynstallaasje. Hy bleau warber yn Mechelen en hat syn bisdom nea besette kinnen.
 
Wilens naam de ynfloed fan de [[Reformaasje]] yn [[Fryslân]] wakker ta. Yn [[1566]] hie de [[Sint-Vituskerk (Oldehove)|Sint-Fitustsjerke]] slim te lijen fan de [[byldestoarm]]. Yn Ljouwert waard Drieux 'opfolge' troch [[Cuneris Petri]], dy't syn amt wol in skoft útoefenje koe yn Ljouwert, mar flechtsje moast foar de gefolgen fan de Reformaasje.