Wânswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd)
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw wat wurden oanpast om de grammatika.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Ferwerderadiel Wanswert.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Wânswert]]
'''Wânswert''' (''offisjeel Frysk, Nederlânsk: Wanswerd'') is in doarp dat yn de gemeente [[Ferwerderadiel]] in bytsje apart leit. It liket gjin part te wêzen fan in oanslutende rige, as de oare doarpen. Wol nimt it, troch de foarse toer en tsjerke, in plak yn it lânskip yn. Oan de noardkant fan Ljouwert leit Wânswert as in beaken yn it wide lânskip, nei it noarden wêrdêr't de [[Dokkumer Ie|Ie]] nei it easten bûgt.
 
== Skiednis==
[[Argeology]]ske fynsten hawwe sjen litten dat it gebiet, dêr't Wânswert no leit, al tusken 8000 en 3000 foar Kr. út en troch bewenne west hat. By it begjin fan ús jiertelling kamen der fêste bewenners.
[[Ofbyld:Wânswert tsjerke en mûne.wiki.jpg|thumb|300px|right|Ut it suden wei jouwe de tsjerke en mûne 'De Fiktor' stal oan it doarpsoansjen.]]
 
Wânswert gou as in ryk doarp. De âlde pastorij en de mânske tsjerke en toer, dy't oan Petrus tawijd wienen, jouwe dêr noch tsjûgenis oer. Der waard sels sein dat Wânswert sa ryk wie dat der goud yn de klok ferwurke wie.
Rigel 17:
== Gebouwen ==
===De staten===
[[Ofbyld:Wânswert tsjerke en mûne.JPG|thumb|right|300px|Wânswert fan it suden út sjoen]]
Yn de skiednis fan Wânswert spylje twa famyljes in wichtich part. De [[Donia]]'s, wêr't de terp [[Doanjeterp]] by de Streek noch omtinken jout. De oare famylje wie dy fan de [[Goslinga's]]. Yn de tsjerke is noch in sark fan [[Sipt van Goslingha]].
 
===De mûne===
De mûne [[Victor (mole)|Fiktor]], is út [[1867]]. Foar dy tiid moasten seis lytse boeremûnen en in trijetal [[tsjasker]]s it lân droech hâlden. Lykas in soad oare mûnen waard ek de Fiktor yn de 20e ieu oerstallich. De Stichting [[De Fryske Mole]] hat de mûne yn 1978 oernommen en dy wurdt no brûkt as learmûne foar takomstige mealders. De mûne is noch hielendal bedriuwsklear en kin yn need it wetterskip helpe.
 
== Slinge ==
Rigel 27:
 
== Mienskip ==
Oant [[1974]] wiene der noch winkels en oant [[1983]] wie der in skoalle yn it doarp. Oerbleaun is in hechte doarpsmienskip. De Wânswerters besykje sa folle as it kin de doarpsferienings yn libben te hâlden. De ienigens blykt út aktiviteiten as toulûken, doarpsfeest, toanieljûn en fiskdagen. Yn de buorren stiet de âlde skoalle út [[1896]], no it doarpshûs Eldorado. Ek [[Doarpsbelang]] hat hjir harsyn gearkomsten.
 
=== Befolking ===
It ynwennertal fan Wânswert yn it ferline is net maklik nei te gean, om't [[Wânswert oan de Streek|de Streek]] der meastentiids by rekkene waard. Om 1840 hinne wienen der neffens [[Van der Aa]] 125 minsken dy't yn it doarp wennen.
*[[1840]] - 125
*[[1954]] - 684