Kleaster Lúntsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat tikflaterkes
red
Rigel 1:
[[Kategory:Kleaster yn Fryslân|Ludingatsjerke]]
'''Lúntsjerk''', ek wol '''Ludingakerkkleaster Ludingatsjerke''', wie in kleaster by Koetille ûnder [[Mullum]]. It kleaster is stifte yn [[1157]] en wie haad fan de reguliere koarhearen en sels ôfhinklik fan Rolduc. Hjirwei waarden ek de parochys fan [[Hitsum]] en njoggen oare doarpen yn de omkriten betsjinne. It rike kleaster keas yn de [[15e ieu]] foar de Fetkeapers yn haren striid tsjin de Skieringers. Yn [[1517]] is it kleaster ferlitten en wurdt it kleasterbesit fan [[Kleaster Achlum]] út bestjoerd. Yn [[1535]] is it kleaster ôfbrutsen en oerbrocht nei [[Achlum]].
 
It kleaster fan de oarder fan de Augustiner koarhearen waard stifte as kapel yn [[1157]]. It waard stifte troch de famylje Ludinga, en dan benammen in Eilwerd Ludinga yn [[Almenum]]. Godefridus fan Renen, de acht en tweintichste biskop fan Utert dy’t de Fries Wigbolt as oerste beneamde. Dizze biskop bepaalde dat de helte fan de ynkomsten fan de tsjerke fan [[Minnertsgea]] foar it kleaster wie. De konvinten Eanjum, Achlum, Skilwert en Oegekleaster waarden út Lúntsjerk wei stifte. It kleaster kaam yn besit fan grutte stikken lân op Tessel en fan de roomske kening krige it kleaster hiel Flylân yn besit. In 1237 waard troch in stoarm de stins fan Lúntsjerk fernield en grutte stikken lân strûpten ûnder. De muontsen groeven grachten om de handelsfeart te ferbetterjen en Lúntsjerk waard dêrtroch ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. De buert ten westen fan Almenum, Harns waard dêrtroch ek sa foaroansteand dat it yn 1234 stedsrjochten krige.